Revolúsje
Appearance
(Trochferwiisd fan Revolúsjonêr)
In revolúsje is in hommelse radikale omslach of feroaring. It is dêrmei de tsjinhinger fan evolúsje, dat in geleidlike feroaring is. De feroaring kin slaan op in hommelse feroaring yn de sosjale of politie ynstellingen, mar ek op in grutte kulturele of ekonomyske omslach. De term sels komt oarspronklik út de astronomy, dêr't se brûkt waard as "omwinteling fan himellichems". Se is by de Frânske Revolúsje yn swang komd.
Yn de polityk wurdt mei revolúsje faak it ôfsetten fan in autoriteit en/of in hommelse feroaring fan politike ferhâldings en polityk systeem. In geweldleaze revolúsje wurdt in flewielen revolúsje neamd. In revolúsje dy't in wiziging fan hearsker mar net fan systeem ynhâldt hjit ek wol in paleisrevolúsje.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Revolutions fan Wikimedia Commons. |