Springe nei ynhâld

Raesfeld

Ut Wikipedy
Raesfeld
Loftfoto fan it Slot Raesfeld mei de slotkapel Sint-Sebastianus
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Borken
Sifers
Ynwennertal 11.431 (31-12-2019)
Oerflak 57,95 km²
Befolkingstichtens 197 /km²
Hichte 59 m boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 46′ 0″ N, 6° 50′ 0″ E
Webside www.raesfeld.de

Raesfeld (Nederdútsk: Raosfeld) leit yn it Westmünsterland yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De namme Raesfeld stiet foar it doarp sels, mar ek foar namme fan de gemeente. De gemeente is de meast súdlike gemeente fan de kreis Borken, dat yn it Regierungsbezirk Münster leit. Yn it noardlike gemeentegebiet leit de boarne fan de Issel.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de gemeente Raesfeld falle de doarpen Raesfeld, Erle en it noardlike diel fan de eardere gemeente Overbeck. Dêrnjonken telt de gemeente noch in grut tal buorskippen: Freiheit, Winkelschulte, Westrich, Homer, Brink, Möllmann, Femeiche, Östrich, Brook en Löchte.

Raesfeld wurdt foar it earst yn it jier 889 as "Hrothusfeld" yn it register fan besittings fan de abdij Werden neamd.

Wetterslot Raesfeld

Tusken ûntagonklike sompen waard yn 1117 op in heuvel noardlik fan it lytse plak in toerfoarmige boarch boud, dy't de namme Kretier krige. De earste bekende hear fan de boarch wie om 1170 hinne Rabodo fan de Berge. Hie wie nei alle gedachten ek de stifter fan de tsjerke fan Raesfeld, dêr't it hjoeddeiske doarp om hinne boud waard. Al gau nei de ferkeap fan de boarch oan de ridder Symon fan Gemen yn 1259 baarnde de boarch ôf. Symon boude doe op it plak fan it hjoeddeiske slot in nije boarch en neamde himsels dêrnei Symon fan Rasfelde.

Yn de neisleep fan in skeel foelen yn de simmer fan 1458 manlju út Bocholt it doarp binnen en baarnden de tsjerketoer ôf. De weropbou fûn plak oant 1515 en waard betelle mei ôflaatbrieven. Yn 1560 gyng in grut part fan it doarp op 'e nij troch brân ferlern.

Fjildmaarskalk Aleksander II fan Vehlen ferboude de âlde boarch yn de jierren 1643-1658 ta in residinsjeslot.

Raesfeld hie yn de Tritichjierrige Kriich en ek nochris hûndert jier letter yn de Sânjierrige Kriich ferskate kearen te lijen fan besetting en plonderings troch de ferskillende partijen.

Oant 1939 hie Raesfeld in joadske gemeente. De synagoge waard yn 1938 ferneatige. De frijkommen stiennen waarden troch it nasjonaalsosjalityske bestjoer brûkt foar it oanlizzen fan strjitten. Mar in pear leden fan de gemeente oerlibben de Twadde Wrâldkriich, de measten kamen yn it konsintraasjekamp Auschwitz om it libben.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slotkapel Sint-Sebastianus
Herten yn de bistetún fan Raesfeld
Mûne fan Erl
  • It meast ferneamde bouwurk fan de gemeente is it wetterslot Raesfeld mei de oan Sint-Sebastianus wijde slotkapel.
  • It museum by it slot (Museum am Schloss Raesfeld) ynformearret oer de Twadde Wrâldkriich yn Raesfeld.
  • De oangrinzgjende histoaryske bistetún (Tiergarten Schloss Raesfeld) is net in kastielpark lykas wenst en it is ek gjin bistetún yn de tradisjonele betsjutting. De 100 hektare grutte tún datearret út de tiid fan de renêssânse en sjocht der út as in natuerlik terrein mei beammen en fivers, dêr't ryksgraaf Aleksander fan Vehlen njonken wyld eartiids ek eksoaten hold. Tsjitwurdich libje der ynheemske bisten yn in fierders hiel natuerlike omjouwing.
  • Yn de gemeente Raesfeld leit ek de boarne fan de Issel.
  • De doarpstsjerke Sint-Martinus is in grutte neogoatyske halletsjerke út 1856-1860.
  • Oan de Ekhornsloh yn it doarp Erle stiet by de âlde pastorij ien fan de âldste ikebeammen fan Dútslân, de Femeiche. De beam hat in âlderdom fan tusken de 600 en 850 jier.
  • Yn it doarp Erle steane ek in toermûne, de neogoatyske Sint-Silvestertsjerke en in Heimatmuseum.

Histoarykse Kappesmerk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren wurdt yn 'e regel yn it wykein nei Alderheljen de saneamde Kappesmarkt yn Raesfeld organisearre. It Dútske wurd Kappes stiet foar koal. Oarspronklik waarden op de merk alle soarten koal en krûden ferkocht, mar tsjintwurdich is it oanbod folle breder en wurdt der fan alles ferkocht. De merk is fier bûten de gemeentegrinzen bekend en wurdt goed besocht troch hannelslju mei spesjaliteiten út it hiele lân.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Raesfeld