Springe nei ynhâld

Prostitúsje

Ut Wikipedy
Prostituee mei klant, Amsterdam
Prostituee op strjitte

In prostituee of hoer is in persoan, meastentiids fan it froulik geslacht, dy't seks hat om it jild. Prostitúsje (of huorkerij) wurdt somtiden ek wol it "âldste wurk op 'e wrâld" neamd. Der wienen ferhalen fan yn hast eltse kultuer.

Oer in hoer wurdt der wol ris sein; hja hat in winkel ûnder de skelk of nei de froulju reizigje (seks hawwe mei in prostituee). Guon fan de froulju yn de prostitúsje rinne op 'e dyk sykjende nei kunden, of wurkje yn in gebou mei de namme bordeel (rinhûs). Harren baas (de persoan dêr't hja foar wurkje en wa it jild kriget) is in 'madame' (as hja froulik is) of in 'poaier' (by in manlik persoan). De stêden Amsterdam en Hamburch binne troch harren "reade ljocht distrikt" (in part fan de stêd dêr't prostitúsje legaal is) wiidferneamd.

In soad lannen hawwe wetten oangeande prostitúsje. Guon lannen hawwe de prostitúsje ferbean. Prostitúsje bard oeral op de wrâld.

Der binne ek manlike prostituees; manlju dy't mei oare manlju of froulju seks hawwe. Manlike prostituees mei froulju as klanten wurde meastentiids gigolo neamd.

Prostitúsje yn de literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânske literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]