Springe nei ynhâld

Primaatskapel

Ut Wikipedy
Primaatskapel
bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Tabgha
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1933
offisjele webside
Side Fransiskanen yn it Hillige Lân

De Tsjerke fan it Primaat fan Petrus (ek: Mensa Christi; Tafel fan Kristus) is in tsjerkegebou yn Tabgha, in lyts doarpke oan de noardlike kant fan de Mar fan Tiberias yn Galiléa yn Israel.

De kapel stiet neffens de tradysje op it plak, dêr't Jezus nei de opstanning foar de tredde kear foar de dissipels ferskynde en mei harren oan de mar fisk en bôle iet. Op dat plak droech Jezus Petrus op om oer Syn skiep te weidzjen (Jehannes 21), neffens de katolike tradysje de folmacht om de Tsjerke fan Kristus te lieden (it primaat). Yn de 9e iuw waard de tsjerke it "Plak fan de Koalen" neamd. Dy namme ferwiisde nei it houtskoalfjoer dat Jezus makke foar it tarieden fan it iten foar de apostels (Jehannes 21:9). Yn deselde iuw waarden ek de "Tolve Troanen"" neamd, in tal hertfoarmige stiennen dy't by de kant fan de mar dellein waarden om de tolve apostels te betinken.

De tsjerke bleau langer dan oare tsjerken yn de kontrijen stean, oant it gebou yn 1263 lang om let ferneatige waard. De moderne tsjerke waard yn 1933 boud. Fan de 4e iuwske tsjerke binne tsjintwurdich oan de westlike kant oan de basis fan de tsjerke noch de resten te sjen.

De hjoeddeiske Fransiskaanske kapel út 1933 waard opnommen yn de pausreizen fan Paulus VI en Jehannes Paulus II doe't se Israel yn resp. 1964 en 2000 besochten.

Alter en Mensa Christi

Yn de tsjerke leit foar it alter in stik rots dat fereare wurdt as de Mensa Christi, Latynsk foar de "Tafel fan de Heare". Neffens de oerlevering soe dat it plak wêze dêr't Jezus nei de wûnderlike fiskfangst mei de apostels bôle en fisk iet en Petrus de opdracht joech om oer Syn skiep te weidzjen foar de apostels (Jehannes 21: 1-24).

It is net wis oft it no dizze tafel wie of dy fan de oanbuorjende "Tsjerke fan de Fermannichfâldiging fan de Bôle" dy't de pylger Egeria yn har 4e iuwske ferslach oer it Hillige Lân neamde. Ek de Mensa-Christi-tsjerke fan Nazaret hat noch in "Tafel fan de Heare".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Primacy of Saint Peter