Springe nei ynhâld

Aldemerk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oldemarkt)
Aldemerk
Herfoarme tsjerke fan Aldemerk
Herfoarme tsjerke fan Aldemerk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 2.610 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 9,88 km² wêrfan
9,62 km² lân
0,18 km² wetter
Befolkingsticht. 264 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 49' N 5° 58' E
Offisjele webside
https://oldemarkt.info/
Kaart
Aldemerk (Oerisel)
Aldemerk

Aldemerk[2] (Nederlânsk en offisjeel: Oldemarkt; Stellingwerfsk: Ooldemark; pleatslik ek wol: Oldemaark), is in doarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de provinsje Oerisel en grinzget tsjin Fryslân oan. Yn it ferline wie it doarp in selsstannige gemeente doe't er yn 1973 ta de gemeente Iselham foege waard. De bynamme foar de Aldemerksters is 'stoepeskiters'.

Aldemerk hat 2.610 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Aldemerk ûntstie yn de 13e iuw as hannelsdelsetting op in opwurpen hichte de Bûterberch, dêr't bûter ferhannele waard. It plak waard yn ferskate staveringsfoarmen neamd: 1448 den Olden markt, 1478 de Oldemarct, 1579 Oldemerct, 1624 den Oldenmerckt, 1665 Olde Markt, 1867 Oldemarkt; en betsjut "de âlde merk". It hie oarspronklik Dodovene (1336), "fean fan de persoan Dodo' hjitten.[3]

It plak lei yn it doarpsgebiet fan Paasloo, dat doe noch wichtiger wie. Yn 1338 mochten de ynwenners fan biskop fan Utert, Jan fan Diest tastimming in tsjerke te bouwen. Dat wie in dochtertsjerke fan de Sint-Klemenstsjerke fan Stienwyk. Sûnt 1438 mochten der yn Aldemerk twa jiermerken en in wykmerk holden wurde. It plak krige suver in stedske ûntwikkeling. It wie lykwols al te let offisjeel noch stedsrjochten te krijen. Yn 1438 mochten de bewenners har eigen kapel bouwe, dy't yn 1489 de karspelrjochten fan dy fan Paasloo oernaam. De tsjerke waard wijd oan de hillige Nikolaas.

It hannelsplakje bloeide yn de 17e iuw, mar by de Frânske besetting kaam de hannel stil te stean. It belang fan de merke naam neitiids hieltyd mear ôf. Yn de 19e iuw waard úteinset mei it ferpachten fan parten fan it merkplein. Yn de 1860-er jierren wie it folslein dien mei de merke doe't it spoar oer rivaal Wolvegea lein waard en dat plak in stasjon oan dat spoar krige, en sadwaande wie it dien mei de hannel yn Aldemerk.

Yn 1811 ûntstie de gemeente Aldemerk troch it gearfoegjen fan de karspel Iselham, Paasloo, De Hare en Aldemerk. Yn 1973 waard dy gemeente mei de gemeenten Blankenham en De Kúnder gearfoege ta de gemeente Iselham. Yn 2001 waard dy gemeente gearfoege mei de gemeenten Brederwiede en Stienwyk ta de nije gemeente Stienwikerlân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Roomsk-katolike Sint-Willibrordustsjerke
  • Herfoarme tsjerke
  • Monuminten oan de Haadstrjitte
  • Veerhuis

It Pleatslik Belang Aldemerk beherttiget de belangen fan de mienskip. Multyfunksjoneel Sintrum [1] mei sporthal is it moetingsintrum fan it doarp.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aldemerk fan Wikimedia Commons.
Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
· · Berjocht bewurkje