Springe nei ynhâld

Offerritueel

Ut Wikipedy

Yn it algemien tsjint in offerritueel foar it dwaan fan in jefte oan in godheid mei as doel om 'e ferhâldings fan 'e minske mei dy godheid en úteinlik syn selshanthavening foar dy godheid oer te regeljen. It offer foarmet sa in pleatsferfanger foar de minske sels.

De minsk kin in offer bringe om dêrtrocht syn skuld te ûntlêstgen, krêft te krijen of syn tankberens bliken te litten. Dêrmei korrespondearjend wurde der ornaris trije soarten offers ûnderskaat: it skuldoffer, it kommunyoffer en it tankoffer. It doel fan it tankoffer is dúdlik, en by de oare beide typen hinget it der fanôf at de útfierder foar of nei de útfiering ferbining hat mei it offer. Yn it earste gefal wurdt syn skuld ûntlêstge; yn it oare gefal, bygelyks by in offermiel, wurdt him troch it offer krêft jûn.

Yn natoerreligys is it ûnderskie tusken de boppeneamde trije kategoryen net altyd like dúdlik. Yn it foarste plak binne offerrituëlen bedoeld om 'e goaden, natoergeasten of foarâlden geunstich te stimmen, sadat se foar lok en foarspoed foar harren ferearders soargje sille. Dat hâldt faak in kombinaasje fan tank- en skuldoffers yn. Op it súdlike Yndonezyske eilân Flores, dat offisjeel fierhinne kristlik is, wurde bygelyks by eltse wichtige gelegenheid, útinoarrinnend fan berte, houliksfollûking en ferstjerren, oant 'e jierlikse rispinge of it bouwen fan in nij hûs, de âlde offerriten noch altyd yn acht nommen. Sels heechoplate, ferwesterske Florinezen offerje noch wolris in hin of in baarch oan 'e goaden en geasten. In dúdlik foarbyld fan kommunyoffers kin fûn wurde op it tichteby Flores leine Súdyndonezyske eilân Sabu, dêr't tusken augustus en oktober op in ritueel offerplak by Namata biste-offers brocht wurde. It fleis fan 'e bisten wurdt oan 'e ein fan 'e offerrite ferparte ûnder de minsken en opiten.

Mar offerjen giet lang net altyd mank mei it slachtsjen fan bisten. Sa wurde op Java elts jier noch grutte rysoffers brocht oan 'e seegoadinne Nyai Loro Kidul. In noch better foarbyld fan in bloedleas offerritueel is it oeral foarkommen fan Ovo's yn Mongoalje.

Der besteane lykwols ek mear makabere offerrituëlen. Sa kamen yn it prekristlike Fidzjy ûnderskate ritueel skeinende rou-offers (in foarm fan skuldoffers) foar, dêr't men fan leaude dat se easke waarden troch de goaden. Sokke rou-offers koenen de amputaasje fan fingerkoatsjes en it jin tabringen fan brânwûnen omfetsje.

Yn it Kristendom wurdt de dea fan Kristus beskôge as it lêste offer. Ferskate rjochtingen binnen it Kristendom hâlde lykwols it ritueel fan de eucharisty, dêr't dat lêste offer hieltiid noch yn foarkomt.

  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • P. Greenway, R. Storey en G. Lafitte, Mongolia, Hawthorn, 1997.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • R. Jones en L. Pinheiro, Fiji, Hawthorn, 1997.
  • W. Kielich, Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • P. Turner, Java, Hawthorn, 1995.
  • P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.