Molly Geertsema
Molly Geertsema | ||
politikus | ||
Molly Geertsema (1985) | ||
echte namme | Willem Jacob Geertsema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 18 oktober 1918 | |
stjerdatum | 27 juny 1991 | |
partij | VVD | |
Gemeenteried Leien | ||
amtsperioade | 1950-1953 | |
Boargemaster Warffum | ||
amtsperioade | 1953-1957 | |
Gemeenteried De Haach | ||
amtsperioade | 1958-1961 | |
Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1959-1971, 1973 | |
Fraksjefoarsitter Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1963-1966, 1969-1971 | |
Boargemaster Wassenaar | ||
amtsperioade | 1961-1971 | |
Polityk lieder VVD | ||
amtsperioade | 1969-1971 | |
Minister en fisepremier | ||
amtsperioade | 1971-1973 | |
Kommissaris fan de Keninginne Gelderlân / Earste Keamer | ||
amtsperioade | 1973-1983 / 1983-1987 |
Willem Jacob (Molly) Geertsema (Utert, 18 oktober 1918 - Wassenaar, 27 juny 1991) wie in Nederlânske politikus en bestjoerder út namme fan de VVD.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geertsema kaam út in famylje fan ûndernimmers en politisy en wie de soan fan Johan Herman Geertsema, mei-eigener fan it bankiershûs Geertsema, Feith en Co. yn Grins. Syn oerpake Johan Herman Geertsema wie lid fan sawol de Earste as de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, twa kear minister fan Ynlânske Saken en tusken 1878 en 1893 kommissaris fan de Kening fan de provinsje Oerisel, wylst syn pake Wilhelm Jacob Geertsema mei tuskenskoften lid fan de Twadde Keamer wie. Syn âldomke Carel Coenraad Geertsema wie fan 1893 oant 1917 kommissaris fan de Keninginne fan Grinslân en ek in pear jier lid fan de Earste Keamer.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Molly Geertsema gie earst nei de iepenbiere skoalle Instituut Wolters fan 1924 oant 1930 en dêrnei nei it Twadde Gymnasium yn De Haach, dêr 't er yn 1937 ôfstudearre. Yn syn studintetiid wie er yn de perioade 1945 -1946 praeses fan it Leidsch Studenten Corps. Nei ôfrin fan syn rjochtestúdzje wie Geertsema fan 1947 oant 1953 yn Leien aktyf as repetitor foar it fak boargerlik rjocht. Hy wie letter aktyf yn it gemeentebestjoer en as amtner fan Ynlânske Saken.
Yn 1959 debutearre hy as Twadde Keamerlid yn de lânspolityk, letter kombinearre hy it fraksjefoarsitterskip mei it amt fan boargemaster fan Wassenaar. Hy wie minister fan Ynlânske Saken en sicepremier yn de kabinetten Biesheuvel I en Biesheuvel II.
Hy waard yn 1973 kommissaris fan de Keninginne yn Gelderlân en wenne yn it kastiel Middachten. Nei syn pinsjonearring as kommissaris wie er noch fjouwer jier Earste Keamerlid.
Geertsema wie fanwegen syn (affektearre) tongfal foar in soad minsken it prototype fan de liberale boargerhear. Hy stie yn de VVD lykwols links fan it midden, benammen troch syn pleit foar gearwurking mei de PvdA en foar gelikense rjochten fan homoseksuelen.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- J. Bosmans, 'Geertsema, Willem Jacob (1918-1991)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 6
- Parlement.com - biografy
- VVD geschiedenis - biografy
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Molly Geertsema fan Wikimedia Commons. |
- Nederlânsk boargemaster
- Kommissaris fan de Kening(inne) yn Gelderlân
- Earste Keamerlid
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Nederlânsk minister fan Binnenlânske Saken
- Nederlânsk minister fan Keninkryksrelaasjes
- Fise-premier fan Nederlân
- Twadde Keamerlid
- VVD-politikus
- Nederlânsk liberaal
- Persoan berne yn 1918
- Persoan stoarn yn 1991