Margaret Thatcher
Margaret Hilda barones Thatcher, berne Roberts (Grantham (Lincolnshire), 13 oktober 1925 - Londen, 8 april 2013) wie in Britske âld-politika. Hja wie de earste froulike lieder fan de Britske Konservative Partij. Thatcher wie Premier fan it Feriene Keninkryk fan 1979 oant 1990. Se wie de earste (en oant no ta ienichste) froulike premier fan it Feriene Keninkryk. Hja waard ferneamd as de 'Izeren Dame' (Ingelsk: The Iron Lady).
Iere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Margaret Thatcher waard op 13 oktober 1925 as Margaret Roberts berne yn de stêd Grantham yn it Ingelske greefskip Lincolnshire. Har heit wie Alfred Roberts, dy’t oarspronklik út Northamptonshire kaam, har mem Beatrice Ethel (famkesnamme Stephenson) kaam fan Lincolnshire. Margaret Thatcher waard grutbrocht yn Grantham. Har heit hie dêr twa winkels. Margaret en har âldere suster Muriel waarden grutbrocht yn it appartemint boppe de grutste fan dy twa winkels, dat yn de buert fan in spoar lei. Har heit wie sawol aktyf yn de lokale polityk as yn de kristlike tsjerke, dêr't er efter elkoar as wethâlder (Alderman) en as metodistysk likepreker tsjinne. Margaret waard opbrocht as in strange metodiste. Har heit kaam út in liberale famylje, mar wie – wat doe normaal wie yn de lokale polityk - as in ûnôfhinklike kandidaat ferkiesber. Hy wie yn 1945-46 boargemaster fan Grantham. Yn 1952 ferlear hy syn posysje as wethâlder neidat de Labourpartij, sûnt 1950, foar it earst de mearderheid yn de rie fan Grantham krigen hie.
Skoalle en universiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Margaret Roberts besocht de Huntingtower Road Primary School en wûn dêr in beurs foar de 'Kesteven en Grantham Girls School'. Har skoalrapporten lieten sjen dat sy hurd wurke en harsels hieltyd ferbettere; bûten skoaltiid die hja foaral in soad pianospylje, hockey, poëzij-recitals, swimme en kuierje. Yn 1942-1943 wie sy haadfamke (headgirl). Yn har lêste jier frege sy in beurs oan om gemy studearje te kinnen oan Somerville College, ien fan de kolleezjes oan de Universiteit fan Oxford. Yn earste ynstânsje waard sy ôfwiisd, mar neidat in oare kandidaat dien naam, krige sy dêr letter dochs in plak. Sy kaam yn de hjerst fan 1943 yn Oxford oan, dêr’t sy yn 1947 mei `Second Class Honours` in Bachelor of Science yn de skiekunde behelle. Yn har lêste jier spesjalisearre sy har ûnder tafersjoch fan Dorothy Hodgkin yn de Röntgenstrielings-kristallografy.
Yn 1946 waard Margaret Roberts foarsitter fan de Oxford University Conservative Association. Hja waard op de universiteit beynfloede troch politike boekwurken, lykas Friedrich von Hayeks The Road to Serfdom (1944), dy’t úthold dat ekonomysk yngripen troch de oerheid de earste stap wie nei in autoritêre steat.
Profesjonele libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har ôfstudearjen ferhuze Roberts yn 1947 nei Colchester yn Essex, dêr’t hja as ûndersyksgemikus by BX Plastics oan it wurk gie. Sy waard lid fan de lokale Conservative Association. Yn 1948 wenne sy de partijkonferinsje yn Llandudno by, as fertsjintwurdichster fan de University Graduate Conservative Association.
Politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1959 waard Thatcher keazen yn it Legerhûs. Yn it kabinet fan minister-presidint Edward Heath wie se fan 1970 - 1974 minister foar Underwiis en Wittenskip. Yn 1975 dage se Edward Heath as lieder fan de Konservative Partij út en wûn de liederskipsferkiezing. Yn 1979 wist se de ferkiezings te winnen, wêrnei't se Earste Minister waard. Se waard yn 1983 en yn 1987 werkeazen. Sûnt 1988 is se de langst tsjinjende Britske premier sûnt 1827 doe't de Earl of Liverpool ôftrede. Om krekt te wêzen: se regearde alve jier, seis moannen en 26 dagen. Grut-Brittanje stie der min foar doe't Thatcher oantrede. De yndustry wie slim ferâldere, en de duorjende arbeidskonflikten behinderen de needsaaklike fernijing. Der wie in hege ynflaasje, en it nasjonale selsbetrouwen wie nei in minimum sakke.
Winliken bewiisde de Argentynske junta Thatcher in grutte tsjinst, doe't syn legers de Falklandeilannen besetten. Thatcher, op dat stuit de ympopulêrste Britske lieder sûnt de Twadde Wrâldoarloch, hoegde gjin tel nei te tinken. De Royal Navy farde út lykas soks yn ferline iuwen altiten barde as it heitelân yn gefaar wie. De Falklânoarloch wie allinnich al fanwege de grutte ôfstân nei de thúsbasis in grutte útdaging, mar waard ûndanks it ferlies fan de Britske torpedoboatjager Sheffield, twa fregatten en in transportskip, mei betreklik lichte ferliezen wûn yn in pear wike tiid. De Argentinen hienen de berettens fan de Britten finaal ûnderskatten en los fan de Argentynske loftmacht waard der amperoan ferset bean. It falen fan de geheime en diplomatike tsjinsten, dy't de Argentynske ynvaazje net foarsjoen hienen, brocht de Izeren Dame gjin skea omdat har minister fan bûtenlânske saken, Lord Carrington, him opoffere en ôftrede.
In jier letter wûnen de Tories, op de weagen fan it nasjonalisme, de ferkiezings mei gemak. De ôfsplitsing fan de SDP fan de Labour dy't yn de opposysje siet, dy't troch de SDP fierstente links fûn waard, holp ek tige. Hjirtroch sterke begûn Thatcher oan har foarnimmen om tsientallen ferliesjaande koaleminen te sluten. De bûnen fan mynwurkers, ûnder lieding fan de radikale Arthur Scargill, organisearren fuortdaliks in lanlike staking yn 1984. Der folge in gewelddiedige konfrontaasjes tusken stakers en plysje, wêryn mynwurkershúsghâldings gebrek hiene. Mar Thatcher wûn en nei 9 moannen gienen de minen ticht.
Grut-Brittanje wie dan wol lid wurden fan de Europeeske Mienskippen, mar Margaret Thatcher wie wantrouwich oer elke foarm fan supra-nasjonalisme en oriïntearre har op de Feriene Steaten. Mei de Amerikaanske presidint Ronald Reagan koe se goed opsjitte. Yn Europa fielde se har minder thús. Har 'I want my money back' late, mar pas nei tige hurde ûnderhannelings, ta kompensearjende maatregels op sosjaal terrein en yn de lânboubydrage foar Europa.
Yn 1990 brutsen yn heul Grut-Britanje rellen út doe't Thatcher in ynkommensôfhinklike belesting, de poll tax, ynfiere woe. It late ta har ôftreden: de partij woe fan har ôf en ferskate konservativen dagen Thatcher út om it liederskip fan de partij. Thatcher besluet, diels op advys fan har man, dat ôftreden earfoller wie as ferslein wurde. By har lêste kabinetssitting floeiden foar de twadde keer triennen yn it iepenbier: de earste kear wie doe't har soan Mark Thatcher 6 dagen fermist waard by de auto-rally Parys-Dakar yn Algerije. It liederskip fan de partij en it premierskip gienen nei John Major, ûnder Thatcher noch minister fan finansjen.
Nei har politike libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har wurk as minister-presidint hold Thatcher lêzingen oer de hiele wrâld, mar yn 2001 moast hja dêr op doktersadvys mei ophâlde. Op 13 oktober 2005 waard har 80e jierdei fierd mei in grut diner foar sa`n 650 gasten mei as pommeranten keningin Elizabeth II, Labour-premier Tony Blair, sjongster Shirley Bassey en aktrise Joan Collins. Hja sloech it doktersadvys om net mear foar in groep te praten yn de wyn en hold dochs in koarte taspraak foar har gasten.
Op 7 desimber 2005 moast hja yn it sikehûs opnommen wurde doe't se har hommels heal by de tiid fielde by de kapper. Hja moast in nacht yn it sikehûs bliuwe, mar mocht de oare deis wer nei hûs. Har dochter Carol Thatcher die te witten dat it koarte-termynûnthâld fan har mem skeind wie. Oaren makken wrâldkundich dat de Izeren Dame faaks de sykte fan Alzheimer hawwe soe. Dat waard yn 2008 befêstige troch har dochter Carol yn har boek: A Swim-On Part yn the Goldfish Bowl: A Memoir.
Nei it ferstjerren op 11 desimber 2006 fan de Sileen Pinochet, dy’t holpen hie yn de Falklânkriich, liet hja witte dat se om syn dea drôvich wie. Yn 2007 siet Thatcher noch hieltyd foar de Conservative Party yn it Hegerhûs as Baroness Thatcher of Kesteven.
Mids 2008 kaam de kontroverse yn it Feriene Keninkryk omheech oft hja nei har dea al as net in steatsbegraffenis krije soe. Op dat tiidstip hienen allinnich Winston Churchill en de leden fan de keninklike famylje dy eare krigen.
Op 8 april 2013 ferstoar Thatcher yn har sliep oan de gefolgen fan in beroerte. Sy kriget troch de Britske oerheid in seremoaniële routsjinst mei militêre eare oanbean yn de St. Pauls Cathedral, dy’t sy sels as lokaasje keazen hie. De routsjinst kriget deselde status as dy fan prinsesse Diana yn 1997 en dy fan keninginne-mem Elizabeth yn 2002. Nei ôfrin dêrfan wurdt sy yn besletten rûnte kremearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Margaret Thatcher fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Margaret Thatcher
- Ingelsk politikus
- Lieder fan de Britske Konservative Partij
- Britsk minister fan Underwiis
- Lid fan it Britske Legerhûs
- Premier fan it Feriene Keninkryk
- Lid fan it Britske Hegerhûs
- Ingelsk abbekaat
- Ingelsk konservatyf
- Ingelsk autobiograaf
- Ingelsk publisist
- Ingelsk polityk skriuwer
- Ingelsk skiekundige
- Ingelske adel
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Persoan berne yn 1925
- Persoan stoarn yn 2013