Springe nei ynhâld

Knobbelswan

Ut Wikipedy
knobbelswan

lûd fan 'e wjukslaggen fan 'e knobbelswan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai swannen (Cygnus)
soarte
Cygnus olor
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast
(Yn Oseaanje en Noard-Amearika is it in eksoat.)

De knobbelswan of knobbeswan (Cygnus olor) is in 145-160 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. Mei sa'n 10-13 kilogram is it ien fan de swierste dieren dy't fleane kinne. De knobbelswan hat wite fearren lykas de measte oare swannen mar is te ûnderskieden troch syn oranje-reade snaffel mei in swarte knobbel derboppe. Dizze swarte knobbel is by it mantsje grutter as by it wyfke. Ek de poaten fan de Knobbelswan binne swart.

De knobbelswan kaam eartiids allinich yn it noarden fan Midden-Jeropa foar en rûnom de Swarte See en ek yn it westen fan Aazje. Troch dat de fûgel yn parken útset waard hat er yn de leste iuwen ek West-Jeropa ta wengebiet makke en is er ek yn Nederlân in protte te sjen.

Cygnus olor
Cygnus olor

Knobbelswannen ite it meast wetterplanten, dy't se mei harren lange hals under wetter opfiskje. Se kinne hjirby wol sa'n 60-70 sm under wetter rikke. By tiiden binne se ek wol yn de greide oan it gerskjen.

De knobbelswan makket in grut nêst fan reid en oare planten. Hjir briedt it wyfke de 5-8 aaien yn sa'n 38 dagen út. Eltsenien dy't in de buert fan it nest komt wurdt fuortreage. Hjirby brûke de fugels harren snaffel en kinne se mei harren wjukken bêste klappen jaan. De jongen bliuwe in hiel jier by harren âlden, oant se yn it folgjende briedseizoen ferjage wurde. De jonge fûgels binne griis en wurde pas nei in jier wyt.