Springe nei ynhâld

Keno II tom Brok

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keno tom Broke)

Keno tom Broke, ek Keno II tom Brok neamd, (sa. 1380 - 16 augustus 1417) wie in Eastfryske kriichshear en haadling. Hy wie de soan fan Okko I tom Brok en de healbroer fan Widzel tom Brok.

Yn de 14e en 15e iuw, it tiidrek fan de Fryske frijheid wienen der in protte twisten tusken Skieringers en Fetkeapers In soad Fryske mienskippen sochten beskerming by machtige haadlingen dy't ek wol kriichshearen neamd waarden. Dizze beskermhearen joegen lykwols nije problemen, der waard in soad kriich fiere om de macht. De famylje Tom Brok wie de machtichste haadlingefamylje yn East-Fryslân wurden mei Keno tom Broke as famyljehaad.

Earder hie de piraat Klaus Störtebecker in taflechtsoarde by Widzel tom Brok socht en krigen. Doe't Keno de hearskippij oernaam, bleau hy yn 1396 en 1400 bystân ferline oan Gödeke Michels en Klaus Störtekbecker (en syn manskippen). Yn 1400 twongen gildeleden Keno om syn ferbûn mei de piraten op te jaan. Störtebecker soe ek mei Keno’s dochter (of suster) troud west hawwe. De oermastering troch Keno fan de stêd Emden op Hisko Abdena yn 1413 wie de oanlieding foar de Grutte Fryske Oarloch tusken 1413 en 1422. Keno steunde de partij fan de Fetkeapers, Hekersen, Ostnamannen en oaren. Yn 1415 ferovere hy de stêd Grins en de Ommelannen en yn 1416 foel hy Fryslân binnen.

Nei de behelle oerwinning yn de slach by Okswertersyl yn 1417 stoar Keno tom Broke hommels en waard opfolge troch syn soan Okko II tom Brok.