Springe nei ynhâld

Juliet E. McKenna

Ut Wikipedy
Juliet E. McKenna
skriuwer
Juliet E. McKenna yn 2007.
Juliet E. McKenna yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Juliet E. McKenna
nasjonaliteit Britsk
berne 1965
berteplak yn Lincolnshire (Ingelân)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Tales of Einarinn-rige
The Aldabreshin Compass-rige
útjouwer Orbit Books
Solaris Books
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www. julietemckenna.com

Juliet E. McKenna (yn Lincolnshire (Ingelân), 1965) is in Britsk auteur fan Iersk komôf, dy't har taleit op it skriuwen fan romans en koarte ferhalen fan it fantasysjenre.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McKenna waard yn 1965 berne yn it Eastingelske greefskip Lincolnshire. Hja studearre Grykske en Romeinske skiednis en letterkunde oan it St. Hilda's Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford. Neitiid sette se har nei wenjen yn it westlike part fan it greefskip Oxfordshire, dêr't se mei har man Steve Souch in gesin stifte en in pear soannen krige.

Yn 1999 ferskynde McKenna har earste boek, The Thief's Gamble, it earste diel fan 'e Tales of Einarinn-searje, wêryn't se it ferhaal fertelde fan 'e dievegge en oplichtster Livak, dy't tsjin wil en tank belutsen rekket by de syktocht fan 'e tsjoenders fan Hadrumal nei magyske erfstikken dy't mei de mysterieuze, iuwen lyn ferdwûne koloanje Kel Ar'Ayen te krijen hawwe. Yn it ferfolch The Swordsman's Oath (1999) ferspringt it perspektyf nei Ryshad Tathel, in swurdfjochter yn 'e tsjinst fan messire D'Olbriot, ien fan 'e rykste en machtichste eallju fan Tormalin, dy't ek yn deselde aktiviteiten fan 'e tsjoenders behelle rekket. Yn 'e oare trije boeken fan 'e rige, The Gambler's Fortune (2000), The Warrior's Bond (2001) en The Assassin's Edge (2002), hawwe Livak en Ryshad en harren bûnsmaten hiel wat te stellen mei de yntriizjes fan harren rivalen, de ûnmeilydsume Elietimm, dy't ek ferantwurdlik blike te wêzen foar it weiwurden fan 'e oarspronklike koloanje. De rige waard yn 2012 oanfolle troch de ferhalebondel A Few Further Tales Einarinn.

Yn har folgjende trije searjes, dy't yn deselde wrâld as de Tales of Einarinn spylje, wurke McKenna hieltyd in aspekt fierder út dat se al yn 'e Tales of Einarinn neamd hie. Sa sette se yn 2003 útein mei de fjouwerdielige rige The Aldabreshin Compass, wêrby't se djipper yngie op 'e Aldabreshynske Arsjipel, dy't se earder mar sydlings beljochte hie. Yn dy searje krije de eilannen te meitsjen mei in ûnferwachtse ynfaazje dy't ûnderstipe wurdt troch tsjoenderij, in ferskynsel dêr't yn 'e Aldabreshynske kultuer in slim taboe op rêst. De ealman Daish Kheda sil him oan 'e keatlings fan tradysje en religy ûntwrakselje moatte om in ûnhillich bûnsgenoatskip te sluten mei de ferfijde tsjoenders fan Hadrumal, as er syn lân en folk rêde wol fan in skriklik lot.

De Chronicles of the Lescari Revolution, dy't McKenna yn 2009 en 2010 útbrocht, is in trilogy wêryn't se beskreau hoe't der einlings en te'n lêsten in ein komt oan 'e skynber einleaze boargeroarloch yn it lân Lescar, dy't se ek al yn har eardere wurk neamd hie. En yn The Hadrumal Crisis, dy't ek trije dielen omfiemet, gie se yn op 'e praktiken fan 'e slaveheljende seerôvers, dy't de kust fan Caladhria almar ûnfeiliger meitsje, oant de tsjoenders fan Hadrumal op 't langelêst net mear trochgean kinne mei de oare kant út te sjen.

Yn 2014 skreau McKenna de ferhalebondel Challoner, Murray & Balfour: Monster Hunters at Law, mei fjouwer koarte ferhalen fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't spylje yn it Fiktoriaanske Tiidrek. Yn 2016 ferskynde in oare ferhalebondel, Shadow Histories of the River Kingdom, mei acht koarte ferhalen oer magy, dy't allegearre yn itselde fiktive lân (it Rivierkeninkryk) spylje. Yn 2018 sette McKenna útein mei de romansearje The Green Man, in urban fantasy-rige oer in Ingelske timmerman yn 'e hjoeddeistige tiid waans mem in dryade wie. It earste diel, The Green Man's Heir, wie tige súksesfol, sadat McKenna neitiid ferskate jierren lang elts jier mei in nij diel kaam. Yn oktober 2023 waard it sechsde boek publisearre, mei de titel The Green Man's Quarry.

Juliet E. McKenna besiket geregeldwei fantasykonvinsjes, en teffens hâldt se lêzings en fersoarget se kursussen kreätyf skriuwen. Yn 'e mande mei guon oare fantasyskriuwers, wêrûnder Sarah Ash en Mark Chadbourn, hat se de organisaasje The Write Fantastic oprjochte, dy't war docht om it fantasysjenre te promoatsjen.

  • Einarinn-rige
    • Tales of Einarinn-pentalogy
      • 1999 – The Thief's Gamble
      • 1999 – The Swordsman's Oath
      • 2000 – The Gambler's Fortune
      • 2001 – The Warrior's Bond
      • 2002 – The Assassin's Edge
    • The Aldabreshin Compass-tetralogy
      • 2003 – Southern Fire
      • 2004 – Northern Storm
      • 2005 – Western Shore
      • 2006 – Eastern Tide
    • The Chronicles of the Lescari Revolution-trilogy
      • 2009 – Irons in the Fire
      • 2010 – Blood in the Water
      • 2010 – Banners in the Wind
    • The Hadrumal Crisis-trilogy
      • 2011 – Dangerous Waters
      • 2012 – Darkening Skies
      • 2012 – Defiant Peaks
  • The Green Man-rige (urban fantasy)
    • 2018 – The Green Man's Heir
    • 2019 – The Green Man's Foe
    • 2020 – The Green Man's Silence
    • 2021 – The Green Man's Challenge
    • 2022 – The Green Man's Gift
    • 2023 – The Green Man's Quarry
  • 2022 – The Golden Rule (novelle)
  • 2023 – The Cleaving (werfertelling fan 'e Arthurleginden)

(N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om koarte ferhalen, of it moat oars oanjûn stean.)

spyljend yn 'e wrâld fan 'e Einarinn-rige
  • 2001 – The Tormalin Necklace
  • 2003 – The Wedding Gift
  • 2004 – Turns and Chances (koarte novelle)
  • 2005 – Win Some, Lose Some
  • 2006 – A Spark in the Darkness
  • 2012 – A Few Further Tales of Einnarin (ferhalebondel)
    • The Wedding Gift
    • Win Some, Lose Some
    • A Spark in the Darkness
    • Absent Friends
    • Why the Pied Crow Always Sounds Disappointed (oarspronklik publ. as The Tormalin Necklace)
oare koarte fiksje
  • 2003 – Losing Track of Time
  • 2006 – Urban Renewal
  • 2006 – Identify Theft
  • 2006 – Now You See Him, Now You Don’t
  • 2007 – The Wizard’s Coming
  • 2008 – Walking Shadows
  • 2008 – Noble Deceit
  • 2008 – Is This My Last Testament?
  • 2009 – Patience: A Womanly Virtue
  • 2010 – Reflections
  • 2010 – Fear Itself
  • 2010 – The Grand Tour
  • 2010 – An Unforeseen Legacy
  • 2011 – The Wisdom of the Ages
  • 2012 – She-who-thinks-for-herself (yn Resurrection Engines: 15 Extraordinary Tales of Scientific Romance)
  • 2014 – Challoner, Murray & Balfour: Monster Hunters at Law (ferhalebondel mei koarte ferhalen fan urban fantasy yn it Fiktoriaanske Tiidrek)
    • Now You See Him, Now You Don't
    • Is This My Last Testament?
    • An Unforeseen Legacy
    • The Fate of the Villiers
  • 2016 – Shadow Histories of the River Kingdom (ferhalebondel mei koarte ferhalen dy't alle hearre yn ien en itselde optochte lân spylje)
    • Walking Shadows
    • Noble Deceit
    • Remembrance
    • Truth, Lies and Consequences
    • A Warning Shiver
    • Do You Want to Believe in Magic?
    • The Legend of the Eagle
    • The Ties That Bind

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.