Jersey (ko)
Jersey is in lyts koweras dat ûntstien is op it Britske Kanaaleilân Jersey.
Troch in ymportferbod koe dit ras him sûnder ynfok fan oare rassen ûntjaan op Jersey. Yn 1866 ûntstie it earste stamboek. Letter waarden Jerseys eksportearre nei Ingelân, Denemarken, Austraalje en Nij-Seelân. It is it meast wiidfersprate melkkoweras fan de wrâld. Sy jouwe trochstrings sa’n 3500 oant 4000 kilo molke it jier mei in fetgehalte fan 5-6% en in aaiwytgehalte fan sa’n 4,4 %. De molke is gaadlik foar bûterproduksje.
Guon boeren hâlde in stikmannich Jerseys yn har keppel om it fet- en aaiwytgehalte fan de bedriuwsmolke te ferheegjen. Fierders wurdt dit ras brûkt om mei oare rassen te krusen en sa de molkkwaliteit te ferbetterjen. Foar de fleisproduksje hat de Jersey net folle te betsjutten.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jersey hat hoarnen en is giel oant grys-brún. Hy hat in skofthichte fan 120-127 sintimeter. Bollen kinne 700 kilogram swier wurde, kij wage meast 350 oant 400 kilogram. Sy hawwe in guodlik karakter.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jersey cattle fan Wikimedia Commons. |