Springe nei ynhâld

Johann Karl Wilhelm Illiger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Illiger)
Johann Karl Wilhelm Illiger
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johann Karl Wilhelm Illiger
nasjonaliteit Breunswyksk
berne 19 novimber 1775
berteplak Breunswyk
   (Breunswyk-Wolfenbüttel)
stoarn 10 maaie 1813
stjerplak Berlyn (Prusen)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt soölooch, entomolooch,
museumdirekteur
aktyf as publisist, heechlearaar
jierren aktyf 17941813

Johann Karl Wilhelm Illiger (Breunswyk, 19 novimber 1775Berlyn, 10 maaie 1813) wie in Dútsk biolooch, heechlearaar, publisist en museumdirekteur. Hy hie him spesjalisearre yn 'e soölogy en yn 't bysûnder yn 'e entomology.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Illiger waard yn 1775 yn Breunswyk, yn it doetiidske Foarstedom Breunswyk-Wolfenbüttel, berne as de soan fan in keapman. Hy studearre ûnder de entomolooch Johann Hellwig en wurke letter oan 'e soölogyske kolleksjes fan Johann Centurius Hoffmannsegg. Illiger waard oansteld as heechlearaar yn 'e soölogy en wie direkteur fan it Soölogysk Museum yn Berlyn (no it Humboldtmuseum) fan 'e oprjochting fan dat ynstitút yn 1810 oant syn ûntidich ferstjerren yn 1813, doe't er noch mar 37 jier âld wie.

As publisist op it mêd fan syn fakgebiet wie Illiger de auteur fan in grut tal artikels en ek fan it boek Prodomus Systematis Mammalium et Avium (1811), wêryn't er it linneeske systeem fan taksonomy op it mêd fan sûchdieren en fûgels by de tiid brocht. Mei dat wurk hied er in wichtige ynfloed op 'e ynfiering fan it begryp fan 'e taksonomyske famylje. Fierders wied er ek redakteur fan it Magazin für Insektenkunde, dat yn syn tiid wiid en siid bekend stie as "Illigers Tydskrift".

Yn 1811 yntrodusearre Illiger it taksonomyske skift fan 'e slurfdieren (Proboscidea) foar de oaljefanten, mastodonten en mammoeten. Ek beskreau er in ûndersoarte fan 'e walrus, te witten de Pasifyske walrus (Odobenus rosmarus divergens). De illigerara of Illigers ara (Promolius maracana Vieillot 1816), in soarte pappegaai, en de illigerbrúnrêchtamarin of Illigers brúnrêchtamarin (Saguinus fuscicollis illigeri Pucheran 1845), in ape-ûndersoarte, binne nei Illiger ferneamd, en ek it botanyske skaai Illigera, út 'e famylje fan 'e aaifruchtbeameftigen (Hernandiaceae), draacht syn namme.

  • 1794 – Beschreibung einiger neuer Käfer, yn: Schneider's entomologisches Magazin
  • 1795 – Nachricht von einer in etlichten Gersten- und Haferfeldern um Braunschweig wahrscheinlich durch Insecten verursachten Verheerung, yn: Braunschweigisches Magazin 50
  • 1798 – Verzeichniß der Käfer Preußens
  • 1798 – Die Wurmtrocknis des Harzes, yn: Braunschweigisches Magazin 49-50
  • 1799 – Die Erdmandel, in: Braunschweigisches Magazin 2
  • 1800 – Versuch einer systematischen vollständigen Terminologie für das Thierreich und Pflanzenreich
  • 1802 – Zusätze und Berichte zu Fabricius Systema Eleutheratorum, yn Magazin fur Insektenkunde 1. viii + 492 pp. (oanfollings en kommentaar op it Systema Eleutheratorus fan Johan Christian Fabricius)
  • 1804 – Über die südamerikanischen Gürtelthiere, yn: Wiedemann's Archiv für die Zoologie
  • 1805 – Die wilden Pferde in Amerika, yn: Braunschweigisches Magazin 7
  • 1805 – Nachricht von dem Hornvieh in Paraguay in Südamerika, yn: Braunschweigisches Magazin 15-16
  • 1807 – Nachlese zu den Bemerkungen, Berichtigungen und Zusätzen zu Fabricii Systema Eleutheratorum, yn Magazin für Insektenkunde, 6:296-317
  • 1807 – Vorschlag zur Aufnahme im Fabricischen Systeme fehlender Käfergattungen, yn Magazin für Insektenkunde 6:318-350
  • 1811 – Prodromus Systematis Mammalium et Avium
  • 1815 – Überblick der Säugthiere nach ihrer Vertheilung über die Welttheile, Abh. K. Akad. Wiss. Berlin, 1804-1811: 39-159

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.