Springe nei ynhâld

Gerardus Majella

Ut Wikipedy
Gerardo Majella
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 23 april 1726
berteplak Muro Lucano
stjerdatum 16 oktober 1755
stjerplak Materdomini
etnisiteit Italjaansk
hillichferklearring
sillich ferkl. 1893 troch paus Leo XIII
hillich ferkl. 1904 troch paus Pius X
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 16 oktober
hillichdom Santuario San Gerardo Maiella, Piedimonte Etneo
attributen yn n sûtane, op de lofter hân in krúsifiks dragend
patroan fan Swiere froulju, memmen, bern

Gerardus Majella (berne op 6 april 1726 yn Muro Lucano, Itaalje; ferstoarn op 16 oktober 1755 yn Caposele, Italjaansk: Gerardo Majella) is in roomsk-katolike hillige. As lekenbroeder hearde er by de Kongregaasje fan de Alderhilligste Ferlosser (redemtoristen). Hy is patroanhillige fan memmen en harren berne en net berne bern.

Gerardus Majella waard yn 1726 yn in Súd-Italjaansk doarpke berne. As jonkje wied er al tige from. Doe't er tolve wie ferstoar syn heit. Gerardus wie in goede wurker, mar waard troch syn baas net goed behannele. Hy wie der lykwols fan oertsjûge dat God alles sa foar him ornearre hie en hannele dêr ek neffens, dat hy liet alles mar oer him hinne komme.

Om syn libben oan God te wijen woed er graach by de kapusinen, mar dy wiisden him fanwegen syn swakke sûnens ôf. Doe't de redemptoristen yn 1749 nei Muro kamen om dêr in missy te stiftsjen wie it him fuortendaliks klear dat er him dêr ek graach by jaan woe. Mar ek dêr waard er troch de lieder fan de missy ôfwiisd. Nei't de noch jonge Gerardus de missylieder sa'n 20 kilometer op syn tebekreis folge hie, liet dy him oerhelje om Gerardus dochs as broer op te nimmen. Sa tsjinne er God tenei as lekebroer. Yn it kleaster yn Caposele wied er krigel en warber yn 'e tún en as naaier fan klean, portier, kok en timmerman.

Yn it jier 1754 folge in swiere test foar Gerardus: hy waard derfan beskuldige de heit te wêzen fan in noch net berne bern. Hy keas der foar him net foar syn meardere te ferdigenjen om't er miende dat ek dat neffens Gods wil wie. Hy hie slim te lijen ûnder de straf dy't him oplein waard, mar letter folge de bekentenis dat de beskuldigings op leugens basearre wie.

Syn libben lang hold Gerardus in swakke sûnens. Yn de nacht fan 15 op 16 oktober 1755 ferstoar er oan tuberkuloaze, noch mar 29 jier âld.

De minsken wiene tige wiis mei de ienfâldige en goederjouwske Gerardus en al yn syn libben waard Gerardus troch it folk in hillige (il santo) neamd. Njonken syn apostoalyske wurk stie Gerardus bekend om de boppenatuerlike jeften dy't him taskreaun waarden. Sa soed er yn ekstaze boppe de grûn sweve. Hy waard tagelyk op ferskillende plakken sjoen (bilokaasje) en rôp in ferûngelokke jonkje werom ta libben. Ek koed er minsken yn de siele sjen en trune er minsken mei wat op 'e lever oan te bychten. Gerardus soe ek saken foarsein ha en yn in tiid fan hongersneed soed er der foar soarge ha dat earme minsken mei tige earmoedige foarrieden it útholden oant de folgjende rispinge. Ien fan syn ferneamste wûnders fûn plak by Napels, dêr't yn in swiere stoarm in skip mei wanhopige seelju drige te fergean. By it oanroppen rûn de swakke Gerardus oer it wetter en sleepte mei ien hân it skip sûnder sichtbere ynspanning oan lân.

Ek nei syn dea waard der noch in soad tynge dien fan wûnders. Paus Leo XIII ferklearre Gerardus yn 1893 dêrom sillich en paus Pius X ferklearre Gerardus op 11 desimber 1904 hillich.

Yn Itaalje is Gerardus ek tsjintwurdich ien fan de meast populêre hilligen. De ferearing is dêr noch tige libben en neffens rûzings bringe alle jierren sa'n miljoen minsken in besite oan syn grêf yn de Santuario San Gerardo Maiella fan Piedimonte Etneo. Froulju dy't swier fan in bern binne freegje him by it grêf om foarspraak. In soad sikehûzen ferneamden harren kreamôfdielings nei de hillige en yn de kream drage memmen medailles fan de hillige. Ek katolike skoallen krigen faak de namme fan Gerardus. Guon âlders ferneame harren bern nei Gerardus om't hja tinke dat it oanroppen fan de hillige Gerardus holpen hat by de befalling fan in sûn bern.

Foar Nederlân stiet it redemptoristenkleaster Wittem bekend as beafeartsplak fan de hillige Gerardus.[1] Yn it Twintske Overdinkel wurdt alle jierren op 16 oktober, of de earste snein dêrnei, in plechtige prosesje troch it fersierde doarp holden.[2]

De feestdei fan Sint-Gerardus is op 16 oktober. Benammen yn it suden fan Itaalje is Gerardus ien fan de meast populêre hilligen.

Sint-Gerardus wurdt yn 'e regel as in hiele jonge man yn in swarte sûtane ôfbylde. Hy draacht yn syn lofter hân in krúsifiks.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: