Darth Maul
Darth Maul personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Zabrak | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Sith-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Darth Sidious Qui-Gon Jinn Obi-Wan Kenobi Savage Opress | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Darth Maul (útspr.: [ˈdaːɹθ ˈmɔːl], likernôch: "daarz môl"), letter koartwei Maul, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Sith-ridder en de learling fan 'e Sith-master Darth Sidious. Darth Maul waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), wêryn't er de wichtichste antagonist is. It personaazje waard yn dy film spile troch Ray Park, wylst syn dialooch ynsprutsen waard troch Peter Serafinowicz (om't de stim fan Park te heech fan toan west hawwe soe). Hoewol't Darth Maul oan 'e ein fan 'e film dea liek te gean, kearde er werom yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars en Star Wars: Rebels, wêryn't spile waard troch stimakteur Sam Witwer. Yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018) waard syn rol fertolke troch Park en Witwer.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darth Maul hie yn it oarspronklike ûntwerp fan yllustrator Iain McCaig fearren op 'e holle, lykas Yndiaanske gebedstoatems, mar de special effects-lju û.l.f. fan Nick Dudman dy't it ûntwerp fan papier nei wurklikheid útwurkje moasten, ynterpretearren de fearren as hoarnen, sadat Darth Maul dêrmei oanhelle rekke. Sadwaande krige er lichemsskaaimerken dy't ornaris mei de duvel assosjearre wurde. Syn gesicht en de rest fan syn holle is tatoeëarre yn in patroan fan swarte flakken, wat, mei Darth Maul syn reade hûd as ûndergrûn, de assosjaasje mei Satan noch fierder fuortsterket.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan Darth Maul wurdt útlein yn 'e ôflevering Secrets Revealed fan it trêde seizoen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Darth Maul heart ta it bûtenierdske ras fan 'e Zabraks en is ôfkomstich fan 'e planeet Dathomir. Hy is de soan fan mem Talzin, de liedster fan it dominante Nachtsustergenoatskip fan froulike brûkers fan de Krêft (of 'heksen', sa't dy op Dathomir neamd wurde). As jong bern wurdt Maul ûntfierd troch de Sith-master Darth Sidious, it boasaardige alter ego fan 'e freonlik oerkommende senator Sheev Palpatine, dy't him as learling oannimt en traint yn it gebrûk fan 'e tsjustere kant fan de Krêft.
Yn The Phantom Menace
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darth Maul wurdt yn 'e Star Wars-franchise yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, wêryn't er de wichtichste antagonist is. Hy wurdt troch syn master Darth Sidious (alias senator Palpatine) stjoerd om keninginne Padmé Amidala fan Naboo finzen te nimmen, dat hja twongen wurde kin en tekenje in ferdrach dat de ynvaazje fan 'e planeet Naboo troch de Hannelsfederaasje legitimearje soe. Hy spoart har op 'e woastynplaneet Tatooine op, dêr't se oanstutsen is om't har romteskip averij oprûn hat by it trochbrekken fan 'e blokkade dy't de Hannelsfederaasje om Naboo hinne ynsteld hat.
Op Tatooine falt Darth Maul it selskip fan Padmé oan, mar syn wraam wurdt ôfslein yn in koart gefjocht mei de ljochtsabels troch de Jedi-master Qui-Gon Jinn, dy't yn it gefolch fan 'e keninginne reizget. Padmé-en-dy witte fan Tatooine te ûntkommen en ferfetsje harren reis nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant, dêr't Padmé foar har konflikt mei de Hannelsfederaasje stipe hopet te winnen by kânselier Finis Valorum en de Galaktyske Senaat. Op Coruscant oankommen, ljochtet Qui-Gon de Hege Jedi Ried yn dat er in Sith-ridder troffen hat, wêrfan't tocht waard dat dy al mear as tûzen jier net mear bestiene.
As it Padmé dúdlik wurdt dat se gjin help fan 'e Senaat of fan kânselier Valorum hoecht te ferwachtsjen, keart se mei Qui-Gon en dy syn padawan Obi-Wan Kenobi werom nei Naboo, dêr't se in militêr bûnsgenoatskip slút mei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat op Naboo lânseigen is. Troch gear te wurkjen witte de Nabooanen en de Gunganen mei feriene krêften de Hannelsfederaasje te ferslaan. As Padmé en har gefolch yn it klimaktyske treffen oan 'e ein fan 'e film it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed bestoarmje, dat troch de Hannelsfederaasje beset is, treffe Qui-Gon en Obi-Wan dêr Darth Maul wer. Der ûntjout him in lang en yngeand duël mei de ljochtsabels, wêrby't Darth Maul op 't langelêst Qui-Gon deadlik ferwûnet. Obi-Wan set de striid lykwols troch en hout Darth Maul úteinlik by de mul midstwa.
Yn Star Wars: The Clone Wars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) besleat Star Wars-betinker George Lucas yn 2010 dat Darth Maul wer ta libben brocht wurde moast. Dave Filoni, de tillefyzjeprodusint fan 'e searje, sei tsjin him: "It is foarby mei him. Hy is yn twaen houd. Hoe soe dat kinne?" Neffens Filoni antwurde Lucas: "Dat wit ik net. Betink mar wat." Yn Star Wars: The Clone Wars docht sadwaande bliken dat Darth Maul syn troch Obi-Wan tabrocht ferwûnings oerlibbet om't de ljochtsabel fan Obi-Wan de wûnen daliks tichtskroeit. Hy wit himsels nei feilichheid ta te klauwen en rekket strâne op 'e dwingerplaneet Lotho Minor, nei't er dêr mei de rest fan it ôffal fan Naboo dumpt is troch in jiskeromteskip.
Fan 'e meganyske rommel dy't er dêr fynt, boud er in seisskonkich sybernetysk ûnderlichem foar himsels, sadat er in cyborg wurdt. De pine dy't er trochstean moat, it ûnthâldsferlies dêr't er mei oanhelle rekket en in desennium fan isolaasje op Lotho Minor soargje der lykwols foar dat er geastlik net alhiel mear ynoarder is as er úteinlik fûn wurdt troch syn biologyske broer Savage Opress, dy't útstjoerd is troch harren mienskiplike mem. Nei't er fan 'e dwingerplaneet ûntsnapt is, mjit Darth Maul himsels in gongberder foarme ûnderlichem mei twa skonken oan.
Neitiid nimt Darth Maul syn broer Savage oan as learling en set er útein mei in obsessive syktocht nei Obi-Wan Kenobi, dy't er ferantwurdlik hâldt foar al syn tsjinrampen en op wa't er wraak nimme wol. Syn earste kâns om dat te dwaan, en syn iennichste kâns om Obi-Wan oer it mad te kommen, mislearret as de tsjustere Jedi Asajj Ventress syn plannen trochkrúst om 'e priis dy't Savage op 'e holle hat, te ynkassearjen. Dêrop bout Darth Maul in alliânsje fan ferskate misdiesyndikaten op, besiket er de macht op 'e planeet Mandalore oer te nimmen en fermoardet de hearskeresse fan Mandalore, hartoginne Satine Kryze, de minneresse fan Obi-Wan, allegear mei as doel it ferfoljen fan syn langst nei wraak.
Uteinlik wurdt Darth Maul as gangster sa machtich, dat syn eardere master Darth Sidious him as in bedriging begjint te sjen en him finzen nimt. Hy ûntsnapt lykwols noch foar't Sidious mei syn steatsgreep de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en ferfangt troch it Galaktysk Keizerryk. Neitiid swart er syn Sith-titel 'Darth' ôf en stiet er fierders bekend as 'Maul'.
Yn Solo: A Star Wars Story
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018), dy't jierren letter spilet, komt oan 'e ein fan 'e film oan it ljocht dat Maul it masterbrein is efter it misdiesyndikaat Karmozinen Dage. De smokkelster Qi'ra ynformearret him dat de gangster Dryden Vos fermoarde is troch Tobias Beckett en dy syn trewanten, wêrby't se de belutsenens fan har jeugdfreon Han Solo en syn maat Chewbacca, en har eigen ferantwurdlikens foar de dea fan Vos, ferswijt. Maul jout Qi'ra opdracht om him op Dathomir te treffen, dêr't er oan tafoeget dat se fan no ôf oan nauwer gearwurkje sille.
Skraste rol yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e oarspronklike ideeën fan George Lucas foar de Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) hie Maul dêryn de wichtichste antagonist wêze sille as de "peetheit (godfather) fan 'e misdie yn it hielal". Nei't filmstudio Lucasfilm yn 2012 oernommen waard troch The Walt Disney Company, waarden Lucas syn plannen foar de ferfolchtrilogy lykwols skrast en gie men mei it ferhaal in hiel oare kant út.
Yn Star Wars: Rebels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018) moetet Maul op 'e Sith-planeet Malachor de haadpersoan Ezra Bridger, oan wa't er him yn 'e ôflevering Twilight of the Apprentice, út it twadde seizoen, foarstelt as "in âlde master". Hy wit it fertrouwen fan Ezra te winnen troch syn (oprjochte) syktocht nei wraak tsjin Darth Sidious en de Sith. Nettsjinsteande dat besiket er Ezra te ferlieden ta de tsjustere kant fan 'e Krêft. Hy helpt him en syn Jedi-freonen Ahsoka Tano en Kanan Jarrus om trije ynkwisiteurs te ferslaan, mar keart him dan tsjin 'e Jedi. Dy witte him lykwols te ferjeien.
Yn 'e ôflevering Twin Suns, út it trêde seizoen, brûkt Maul Ezra om it skûlplak fan 'e ûnderdûkte Obi-Wan op Tatooine te ûntdekken. Ienris yn 'e woastyn fan Tatooine falt er Ezra oan, mar dyselde wurdt rêden troch Obi-Wan. Yn in gefjocht mei de ljochtsabel weeft de Jedi einlings mei syn âlde fijân Maul ôf troch him deadlik te ferwûnjen. Mei syn lêste siken freget Maul him oft er de Utkarde beskermet, en Obi-Wan antwurdet befêstigjend. Maul ferklearret dat dizze Utkarde him wreekje sil en ferstjert dan. Letter wurdt Obi-Wan toand wylst er út 'e fierte wei de jonge Luke Skywalker beächtet.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jierren | film | akteur |
---|---|---|
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | |
1999 | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | Ray Park (fysyk) en Peter Serafinowicz (stim) |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | |
2016 | Rogue One: A Star Wars Story | |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | |
2018 | Solo: A Star Wars Story | Ray Park (fysyk) en Sam Witwer (stim) |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |