Chaim Weizmann
Chaim Weizmann (Motol, 27 novimber 1874 - Rehovot, 9 novimber 1952) wie skiekundige, de fjirde presidint fan it ynternasjonale Sionistebûn, de earste presidint fan Israel en de oprjochter fan in ûndersykynstitút yn Israel, dat bekend wurde soe as it Weizmann Ynstitút fan Wittenskippen.
Chaim Weizmann is oarspronklik fan Russyske komôf. Hy wie earst skiedkundige fan berop mar waard yn 1905 keazen as presidint fan it ynternasjonale Sionisten Bûn. Oant dat momint wenne Weizmann yn Ingelân. Yn de Earste Wrâldkriich late er in laboratoarium. Dêr krige er kunde oan de Ingelske lieders. Ingelân wie op dat stuit de baas yn Palestina.
Nei de Earste Wrâldkriich waard Weizmann nei Palestina stjoerd om te ûnderhanneljen oer in eigen steat foar de Joaden en de Arabieren yn it Midden-Easten. Mar it duorre noch oant nei de Twadde Wrâldkriich ear't it safier wie. Weizmann spile in wichtige rol by it skiedingsplan fan de Feriene Naasjes en de erkenning fan de steat Israel troch de Feriene Steaten.
Chaim Weizmann is presidint bleaun oant syn dea op 9 novimber 1925. Nei syn dea is Albert Einstein frege om him op te folgjen. Einstein gie lykwols net yn op dit oanbod
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Israelysk politikus
- Lid fan de Israelyske Knesset
- Presidint fan Israel
- Sionist
- Israelysk skiekundige
- Israelysk útfiner
- Israelysk persoan fan Asjkenazysk komôf
- Israelysk persoan fan Ingelsk komôf
- Israelysk persoan fan Ingelsk-Joadsk komôf
- Israelysk persoan fan Russysk komôf
- Israelysk persoan fan Russysk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1874
- Persoan stoarn yn 1952