Anton Tkáč
Anton Tkáč | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anton Tkáč | |
nasjonaliteit | Slowaaksk | |
bertedatum | 30 maart 1951 | |
berteplak | Lozorno | |
stjerdatum | 22 desimber 2022 | |
stjerplak | Bratislava | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Baanhurdfytsen | |
O.S. | München 1972 Montreal 1976 Moskou 1980 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1976 |
Anton Tkáč (Lozorno, 30 maart 1951 – Bratislava, 22 desimber 2022) wie in Slowaaksk baanhurdfytser. Yn syn karriêre kaam er by de amateurs út foar it doetiidske Tsjecho-Slowakije. Op 'e wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen 1970 yn Leicester wûn Tkáč brûns op 'e kilometer yndividuele tiidrit, tegearre mei Sergej Kravtsov út de Sovjet-Uny; beiden klokten 1.09.23. Hy waard selektearre foar de Olympyske Simmerspullen fan 1972, 1976 en 1980. Yn 1972 yn München waard er trettjinde op de kilometer tiidriden en mei it Tsjecho-Slowaakske team yn de ploege-efterfolging waard er alfde. Hy wûn goud op de sprint op de Olympyske Simmerspullen 1976 yn Montreal, dêr't er yn de finale de Frânske mearfâldich wrâldkampioen en titelferdigener Daniel Morelon fersloech. Op de Spelen fan 1980 yn Moskou foel hy krekt njonken it poadium. Yn de striid om it brûns ferlear er fan Sergej Kopylov út de Sovjet-Uny. Tkáč wie ek trije kear wrâldkampioen op de sprint: yn 1974 yn Montreal (dêr't er Kravtsov yn trije ritten fersloech), yn 1976 (syn olympyske titel telde dat jier ek as wrâldtitel) en yn 1978 yn München, dêr 't er de East-Dútser Emanuel Raasch kloppe.
Anton Tkáč ferstoar op 22 desimber 2022, yn 'e aldens fan 71 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|