Springe nei ynhâld

Anne Wadman

Ut Wikipedy

Anne Sybe Wadman (Langwar, 30 novimber 1919 - Snits, 6 febrewaris 1997) wie in Frysk (toaniel)skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige dy't ek yn it Nederlânsk skreaun hat.

Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e-iuwske skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster Hylkje Goïnga wie syn twadde frou.

As 15-jierrige kaam Wadman yn de kunde mei de Fryske Beweging. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy waard in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; dy moast kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.

Hy wurdt algemien erkend as ien fan de grutste figueren yn de Fryske literatuer fan de 20e iuw. As redakteur en kritikus wie er ferbûn oan literêre tydskriften sa as Podium en De Tsjerne; en oan deiblêden sa as de Ljouwerter Krante, en de Frysktalige edysjes fan De Waarheid en Het Vrije Volk. Polityk wie er links oriïntearre; hy hie goede kontakten mei de skriuwer Theun de Vries en filosoof Lolle Nauta. Wadman publisearre ek yn it Nederlânsk en hat besocht ek bûten Fryslân troch te brekken. Dat slagge him net en guonts tinke dat Wadman doe hast safier wie en jou de skriuwerij deroan.[1] Fierders joech er inkelde jierren it ienmanstydskrift De Teannewâder út. Dêryn ferskynde ûnder oaren syn oersetting fan Sartres La putain respectueuse.

Wadman wie saakkundich yn it werk fan Simon Vestdijk; wêroan't er ferskate essaybondels wijde. Begjin tachtiger jierren ûntstie it plan om mei Hans Visser in biografy fan Vestdijk te meitsjen. Dit plan koe net útfierd wurde omdat de widdo fan Vestdijk har meiwurking einige. Doe hat Wadman him weromlutsen.

Bibliografy (ûnfolslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
eigen wurk yn it Frysk
  • 1945 – Fan Tsien Wâllen
  • 1945 – Op Koart Front
  • 1948 – Fioele en Faem
  • 1949 – Reedridder
  • 1951 – Kritysk Konfoai (essays)
  • 1960 – Yn 'e Lytse Loege
  • 1960 – Hoe Moat Dat Nou, Marijke?
  • 1962 – De Oerwinning fan Bjinse Houtsma
  • 1963 – De Smearlappen
  • 1964 – Kûgels foar in Labbekak
  • 1966 – By de Duvel to Bycht
  • 1968 – De Feestgongers
  • 1969 – Mei Abraham Fûstkje
  • 1970 – It Rammeljen fan de Pels (yn it Nederlânsk as Een Klein Sadistisch Trekje)
  • 1973 – As in Lyts Baeske
  • 1982 – Yn Adam's Harnas
  • 1990 – De Fearren fan de Wikel
  • 1990 – It Kritysk Kerwei (resinsjes en skôgings 1950-1970)
  • 1994 – Oer Oarmans en Eigen (essays en resinsjes 1972-1994)
  • 1994 – In Okse nei de Slachtbank
  • 2010 – De oarloch fan Wadman (omnibus)
    • Kûgels foar in Labbekak
    • In Bolle yn 'e Reak
    • De Fearren fan de Wikel
eigen wurk yn it Nederlânsk
  • 1949 – Frieslands Dichters (blomlêzing)
  • 1963 – De Smeerlappen
  • 1965 – Handdruk en Handgemeen: Leesavonturen met Simon Vestdijk (essays)
  • 1983 – Een Klein Sadistisch Trekje
  • 1984 – De Verkrachting
  • 1987 – De Terechtstelling
oersettings
tydskrift

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing+

  1. Joke Corporaal, Grimmig eerlijk, dissertaasje, 2009. Ryksuniversieit Grins / Afûk