Springe nei ynhâld

Across the Wide Missouri (film)

Ut Wikipedy
Across the Wide Missouri
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Clark Gable as Flint Mitchell en María Elena Marqués as Kamiah yn Across the Wide Missouri.
Clark Gable as Flint Mitchell en María Elena Marqués as Kamiah yn Across the Wide Missouri.
makkers
regisseur William A. Wellman
produsint Robert Sisk
senario Talbot Jennings
basearre op it boek fan Bernard DeVoto
kamerarezjy William C. Mellor
muzyk David Raksin
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Loew's Inc.
spilers
haadrollen Clark Gable
John Hodiak
María Elena Marqués
voice-over Howard Keel
byrollen Ricardo Montalbán
Adolphe Menjou
J. Carrol Naish
Alan Napier
Jack Holt
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 oktober 1951
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk (ek Sjinnûk Pidgin)
spyltiid 78 minuten
budget en resultaten
budget $2.220.000
opbringst $4.601.000

Across the Wide Missouri (Ingelsk foar "De Brede Missoery Oer) is in Amerikaanske Technicolor-westernfilm út 1951 ûnder rezjy fan William A. Wellman. Yn 'e film wurde yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw in stikmannich blanke pelsjagers en pelshannelers yn Montana folge by harren gedoente mei de Yndianen. It ferhaal wie basearre op it bekroande non-fiksjeboek mei deselde namme, dat yn 1947 publisearre waard troch histoarikus Bernard DeVoto. De haadrollen waarden fertolke troch Clark Gable, John Hodiak, Ricardo Montalbán, María Elena Marqués en J. Carrol Naish. Across the Wide Missouri wie in produksje fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer, dy't mear as it dûbele opbrocht fan wat er koste hie.

Across the Wide Missouri wurdt ferteld troch Chip Mitchell, de soan fan 'e haadpersoan, dy't as folwoeksene weromsjocht op 'e moeting fan syn heit en mem en op syn eigen berte. Yn 'e 1830-er jierren moetet de Amerikaanske pelsjager Flint Mitchell simmerdeis op it jierlikse rendez-vous (feestlike gearkomste) yn 'e Rocky Mountains ferskate oare pioniers dy't oan 'e Amerikaanske frontier libje. Se ferhannelje harren pelzen (benammen fan bevers), drinke, fiere feest en fermeitsje harsels mei ûnderlinge wedstriden. Mitchell organisearret tuskentroch ek in 'brigade' fan jagers om nei it lân fan 'e Swartfuotten te gean, dat ryk is oan bevers. Syn Skotske freon en eardere hannelspartner Brecan, dy't no mank de Swartfuotten wennet, besiket him dat plan te ûntpraten, mei't it lân fan 'e Yndianen is.

De ûniennichheid liedt ta in beskate spanning tusken de beide freonen, dy't ta utering komt as rivaliteit wannear't Flint de Yndiaanske squaw Kamiah, dy't by opbod ferkocht wurdt, foar Brecan syn noas weikapet troch mear jild foar har te bieden as Brecan opbringe kin. Kamiah is de pakesizzer fan 'e Swartfoet-medisynman Bear Ghost en de oannommen dochter fan it Nez Persé-opperhaad Looking Glass. Brecan wol har werombringe nei de Swartfuotten om frede tusken de stammen oan te fiterjen, wylst Mitchell mei har trouwe wol om 'e feilichheid fan syn brigade te bewissigjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Under de jagers dy't har by Mitchell syn riskante ekspedysje jouwe, binne Pierre, in Frânsk-Kanadeeske coureur des bois, en kaptein Humberstone Lyon, in Skot dy't noch yn 'e Slach by Waterloo fochten hat. Kamiah liedt it selskip mei súkses troch hege berchpassen dy't fol lizze mei djippe snie, en leveret harren ôf yn it lân fan 'e Swartfuotten (yn it lettere Montana), dêr't se in houten fort bouwe. Mitchell wit mar nauwerneed oan 'e dea te ûntsnappen yn in konfrontaasje mei it jonge oarlochsopperhaad fan 'e Swartfuotten, Ironshirt, dy't him finzen nimme en om hals bringe wol. Baptiste DuNord, ien fan Mitchell syn jagers, is net sa lokkich, en wurdt troch Ironshirt fermoarde. Ironshirt stelt ek de hynders fan 'e brigade, mar Mitchell makket sa'n geunstige yndruk op Bear Ghost, dat dy derfoar soarget dat de hynders weromjûn wurde.

Hoewol't er mei Kamiah troud is om redens dy't neat mei leafde te krijen hawwe, en ek al sprekt er har taal net, sadat de kommunikaasje tusken harren foar it meastepart plakfynt troch gebearten, dochs wurdt Mitchell meitiid fereale op 'e kreaze Yndiaanse. Wylst de relaasje fan Mitchell en Kamiah him ûntwikkelet, rekket Mitchell ek befreone mei har pake Bear Ghost. Dyselde keart tsjin dat Ironshirt Mitchell en syn brigade fierder noch lestich falt, mar dan nimt Roy DuNord, ien fan Mitchell syn mannen, wraak foar de dea fan syn broer Baptiste troch Bear Ghost te fermoardzjen. Roy wurdt neitiid sels ombrocht troch Brecan, en Mitchell rekket wei yn in djippe depresje oer de dea fan syn freon. Underwilens folget Ironshirt, dy't him troch dizze gong fan saken yn syn mienings oer de blanken befêstige sjocht, Bear Ghost op as opperhaad. Hy ferfettet daliks syn krewearjen om 'e blanke jagers út it lân fan 'e Swartfuotten te ferdriuwen.

Yn 'e maityd skinkt Kamiah it libben oan in jonkje, dat de namme Chip kriget. Underweis nei it rendez-vous fan dat jier wurdt de brigade oanfallen troch in grutte groep Swartfoet-krigers ûnder lieding fan Ironshirt. Kamiah komt dêrby om, en har hynder, mei de reiswidze mei Chip noch op 'e rêch, giet op 'e rin. Ironshirt, dy't de poppe ombringe wol, set de efterfolging yn, mar Mitchell wit him te deadzjen ear't er dat dwaan kin. Nei't er Chip rêden hat, nimt Mitchell it jonkje mei om mank de Swartfuotten te libjen, mei't dat is wat Kamiah wollen hie. Hoewol't Mitchell fan doel is om syn soan úteinlik nei it Easten te stjoeren om nei skoalle te gean, bepraat Chip him elts jier wer om dat noch in jier út te stellen. Ynstee leart er fan syn heit hoe't er yn 'e bergen oerlibje moat.

Clark Gable.
María Elena Marqués.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Flint Mitchell Clark Gable
Brecan John Hodiak
Kamiah María Elena Marqués


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ironshirt Ricardo Montalbán
Pierre Aldophe Menjou
Looking Glass J. Carrol Naish
kaptein Humberstone Lyon Alan Napier
Bear Ghost Jack Holt
ferteller (Chip Mitchell) Howard Keel
Old Bill James Whitmore
Gowie (Lyon syn assistint) George Chandler
Dick Richardson Richard Anderson
Yndiaan Chief Tahachee
Yndiaansk opperhaad Nipo T. Strongheart
squaw Evelyn Finley
Gardipe Bobby Barber
Baptiste DuNord Timothy Carey
Hoback Russell Simpson (net fermeld yn 'e ôftiteling)

Across the Wide Missouri waard regissearre troch William A. Wellman, dy't fan 'e 1920-er jierren oant en mei de 1950-er jierren mear as 75 films makke. Produsint wie Robert Sisk foar de filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). It senario waard skreaun troch Talbot Jennings op basis fan it non-fiksjeboek Across the Wide Missouri fan histoarikus Bernard DeVoto, dat yn 1947 publisearre waard en de Pulitzer Prize for History wûn. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan William C. Mellor, en de filmdistribúsje waard dien troch Loew's Inc. De film hie in spyltiid fan 78 minuten en gie op 26 oktober 1951 yn premiêre.

Across the Wide Missouri waard hielendal op lokaasje filme yn 'e Rocky Mountains, foar it meastepart yn 'e neite fan 'e Molaspas, benoarden Durango (Kolorado). Under de opnamen waard akteur Ricardo Montalbán, dy't de rol fan Ironshirt spile, nei't it skynt fan syn hynder smiten, wêrnei't er ûngelokkich delkaam, in skoftke út 'e tiid rekke en doe fertrape waard troch in oar hynder. Hy rûn dêrby in ferwûning oan 'e rêchbonke op dy't nea hielendal genies, mar mei âlderdom wat langer wat mear opspile oant Montalbán yn 1993 yn in rolstoel belâne.

De filmmuzyk foar Across the Wide Missouri waard komponearre en dirigearre troch David Raksin, dy't der û.m. folksferskes as Oh Shenandoah en Alouette, Pretty Alouette yn ferwurke. Oh Shenandoah waard brûkt foar sawol de begjintitels as de ôftiteling. De folsleine soundtrack fan 'e film waard yn 2009 troch it online-tydskrift Film Score Monthly útbrocht op cd. Yn Across the Wide Missouri waard njonken Ingelsk ek Sjinnûk Pidgin sprutsen, in pidgintaal dy't yn 'e njoggentjinde iuw yn it noardwesten fan 'e Feriene Steaten as lingua franca brûkt waard foar kommunikaasje tusken ferskillende befolkingsgroepen.

Across the Wide Missouri waard makke mei in budget fan $2.220.000. Neffens filmstudio MGM waard oan 'e film yn 'e Feriene Steaten en Kanada $2.789.000 fertsjinne en yn 'e rest fan 'e wrâld $1.812.000, wat delkomt op in totale opbringst fan $4.601.000. Dêrmei brocht de film mear it dûbele op fan wat er koste hie, en makke er in winst fan $2.381.000.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.