The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
De stikelychels (Latynske namme: Erinaceinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e ynsekte-iters (Eulipotyphla) en de famylje fan 'e stikelbargen (Erinaceidae), dêr't û.o. de gewoane stikelbaarch ta heart. Dizze ûnderfamylje, dy't út 16 ferskillende soarten bestiet, ûnderskiedt him fan 'e oare libbene ûnderfamylje fan 'e stikelbargen, dy fan 'e hierychels (Galericinae) troch it hawwen fan echte stikels.