In wurkjouwer is in persoan of organisaasje dy't wurk besoarget oan ien of mear wurknimmers. Faak wurdt mei de term 'wurkjouwer' ferwiist nei "de baas", de natuerlike persoan dy't oaren yn 'e tsjinst hat en yn ruil foar de ferrjochte arbeid lean útbetellet, mar mei 'wurkjouwer' kin ek in organisaasje bedoeld wurde, lykas in ûndernimming of de oerheid. Yn 'e arbeidswetjouwing (dy't per lân ferskilt) wurde de rjochten en plichten fan sawol de wurkjouwer as de wurknimmer fermeld. De yndividuële ôfspraken tusken de beide partijen wurde fêstlein yn in arbeidsoerienkomst. Wurkjouwers binne faak oansletten by in wurkjouwersferiening, sadat se sterker steane yn 'e ûnderhannelings mei de yn fakbûnen feriene wurknimmers oer bgl. in kollektive arbeidsoerienkomst (CAO)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.