Wolfgang fan Regensburg

Wolfgang fan Regensburg (berne om 924 hinne yn Swaben by Reutlingen, nei alle gedachten Pfullingen, ferstoarn op 31 oktober 994 yn Pupping, Opper-Eastenryk) wie fan 972 oant syn dea de biskop fan Regensburg. Hy waard yn 1052 hillich ferklearre.

Wolfgang fan Regensburg
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 924
berteplak by Reutlingen
stjerdatum 994
stjerplak Pupping, Opper-Eastenryk
wurkpaad
berop biskop
hillichferklearring
hjeldei 31 oktober
attributen stêf, tsjerke, bile
patroan fan skippers, houtskoalbranners, byldhouwers, houtbewurkers, timmerlju en hoeders

Libben en wurk

bewurkje seksje

As bern besocht er de kleasterskoalle fan Reichenau en letter de nij stifte domskoalle yn Würzburg. Dêr waard er oplaat troch de út Itaalje ôfkomstige Stefanus fan Novara. Hy ûntwikkele him ta learaar en wittenskipper.

Yn Reichenau hie Wolfgang aartsbiskop Hindrik I fan Trier kennen leard en op dy syn oantrunen naam er om it jier 956 hinne de lieding fan 'e domskoalle yn Trier op him, dêr't er earst as leek deken en haad fan it domkapittel waard. Wolfgang soarge neffens de Regula Benedicti foar herfoarmings en fierde bygelyks in strangere libbenswize foar de leden fan it domkapittel yn, lykas de ôfskaffing fan privee-eigendom .

Nei de dea fan biskop Hindrik I fan Trier yn 964 waard Wolfgang troch keizer Otto I de Grutte nei Keulen helle. Hy wegere him dêr ta biskop wije te litten en luts him yn 965 yn 'e Swabyske abdij fan Einsiedeln werom, dêr't er yn 'e âldens fan 43 jier yn 968 ta preester wijd waard. Yn Einsiedeln hie Wolfgang de lieding oer de kleasterskoalle. Yn 971 gong Wolfgang as misjonaris nei Hongarije, mar in jier letter waard er weromroppen om ein 972 ta biskop fan Regensburg wijd te wurden. Op syn missyreis hie Wolfgang ynearsten it erchtinken fan biskop Pilgrim fan Passau oproppen, mar nei in petear tusken Pilgrim en Wolfgang feroare dy hâlding en it wie Pilgrim sels dy't Wolfgang oanrikkemandearre foar de Regensburgers biskopssit. Yn 975 stifte Wolfgang dêr in domskoalle mei koar, dat de basis foarme foar it noch altiten besteande jongeskoar, de Regensburger Domspatzen.

Under Wolfgang waard it Boheemske diel ôfskaat fan it bisdom Regensburg om de stifting fan it nije bisdom Praach mooglik te meitsjen. Dat gie op fredige wize en it levere him in goede relaasje mei hartoch Boleslav II op. Dêrnjonken wied er ek de earste biskop fan Regensburg dy't syn amt net mear mei de funksje fan 'e lieding fan 'e Sint-Emmeranabdij kombinearre. Hy stelde Ramwod oan as earste selsstannige abt fan dy abdij. Dat brocht it kleaster in grutte geastlike en kulturele ûntwikkeling. Lettere biskoppen fan Regensburg misten it ekonomyske ferlies fan 'e abdij foar harren bisdom en woene dat dêrom werom draaie, itjinge konflikten tusken it bisdom en de abdij fersoarsake. It wurk fan Wolfgang hie grutte ynfloed op 'e kleasters. Hy besocht ek it domkapittel fan Regensburg en de stiften Obermünster en Niedermünster te herfoarmjen.
Sûnt 985 waard Wolfgang ek ferantwurdlik foar it grutbringen fan 'e lettere keizer Hindrik II de Hillige, soan fan hartoch Hindrik II fan Beieren. Troch in skeel tusken hartoch Hindrik II en keizer Otto II moast Wolfgang gaueftich nei yn oanstselling as biskop foar in skoft (mooglik oardel jier) him yn Eastenryk ophâlde.

As ryksbiskop folge Wolfgang ek de oproppen fan 'e keizer by militêre konflikten: sa focht er tsjin kening Lotarius fan Frankryk by de Itaaljetocht fan keizer Otto II. Nei de dea fan Otto en it útbrekken fan in striid om de troan, keas Wolfgang mei oare biskoppen de kant fan Hindrik fan Beieren.

 
Tombe fan Sint-Wolfgang yn Sankt-Emmeran.

By in reis nei it ûnder it bisdom fallende plak Pöchlarn ferstoar Wolfgang yn oktober 994 yn 'e Odomarkapel yn Pupping (Opper-Eastenryk). Syn lichem waard nei Regensburg brocht en yn it sydlike súdskip fan 'e abdij fan Sankt Emmeram byset, dêr't noch altiten in 14e-iuwske tombe te sjen is. Yn it ramt fan syn hillichferklearring waard syn kiste oerbrocht nei in nij him ferneamde krypte yn it westlike diel fan 'e abdij, dat doe noch yn opbou wie.

De hillige Wolfgang wurdt op 31 oktober betocht, mar it is gjin ferplichte betinkingsdei foar de hiele Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn heechfeest wurdt yn Regensburg fierd, dêr't op 7 oktober ek de oerdracht fan 'e reliken fierd wurdt.

Patroanhillige en ikonografy

bewurkje seksje

Biskop Wolfgang is de patroanhillige fan Beieren, it bisdom en de stêd Regensburg. Fierder is er patroanhillige fan skippers, houtskoalbranners, byldhouwers, houtbewurkers, timmerfolk en hoeders. Hy kin by eachsykten, jicht, ferlamming, swierrichheden oan 'e fuotten en bloedsomrin, pine yn 'e rêch en yn 'e búk, swolms, beroertes en by ûnfruchtberens, fjoer en min waar oanroppen wurde. Boppedat soe Wolfgang helpe om siik fee better te meitsjen.

Wolfgang fan Regensburg wurdt yn 'e regel as biskop útbylde, faak mei in tsjerke yn 'e hân. Somtiden hat er in bile by him, in ferwizing nei de leginde dat er ea in bile fan 'e berch smiet om te sjen wêr't er in tsjerke bouwe soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen skiednis sjoch de:Wolfgang von Regensburg