Wichter Ie
De Wichter Ie (Dútsk: Wichter Ee) is in seegat fan sa'n 800 meter breed tusken de Eastfryske eilannen Norderney (yn it westen) en Baltrum (yn it easten).
Oan de eastkant fan it eilân Norderney yn de Wichter Ie lizze sânbanken dy't bewenne wurde troch gewoane en grize seehûnen.
It westlike útein fan Baltrum wurdt foarme troch de haven en de grutte kustferdigenings, dy't it eilân beskermje tsjin stoarmfloeden troch westewinen, dy't it eilân oars ûnderstrûpe litte soene.