Wetterskip (Nederlân)

(Trochferwiisd fan Wetterskip)
Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

In wetterskip is in oerheidsorganisaasje dy’t yn in beskaat gebiet yn Nederlân de wetterhúshâlding regelje moat. Ek wurdt de term wetterskip brûkt om de regio oan te tsjutten dêr't de ynstânsje oer giet. It gebiet fan in wetterskip rint perfoarst net lyk mei gemeente- of provinsjegrinzen, mar troch streamgebieten of ôfwetteringsgebieten yn in beskate regio. As in wetterskip oan see leit, is it in seewarrend wetterskip. Op it stuit (2020) binne der 21 wetterskippen yn Nederlân.

De wetterskippen fan Nederlân.

Plak yn it bestel

bewurkje seksje

Wetterskippen binne by de âldste ynstitútsjes fan it Nederlânske steatsbestel.[1]: Fan âlds út hawwe wetterskippen de taak út namme fan de bewenners fan in beskaat gebiet de wetterhúshâlding te regeljen. Yn polders is dat yn earste ynstânsje de soarch foar de wetterstân. Winliken hawwe gemalen hast oeral it wurk fan de wynmole oernommen, mar noch hieltyd bliuwt it lân net fansels drûch. It bûtenhâlden fan it wetter is fan âlds út in algemien belang, wêrby de polderbewenners needsake wienen gear te wurkjen. Ut dy neadsaaklike gearwurking ûntstienen de wetterskippen. Sy nimme ek yn de Nederlânske rjochtsskiednis in bysûnder plak yn.

Yn de Iere Midsiuwen wie Nederlân in sompich stik lân. Om de grûn ree te meitsjen foar bewurking en bewenning, wie ûntwettering fan de grûn nedich. De ûntwettering en de oanlis fan diken begûn op doarpsnivo. It bestjoer fan de buorskippen soarge yn dy tiid foar alderleie wettersteatssaken. De doarpsbewenners, dy't sels de eigners fan harren grûn wienen, fierden dit wurk út.

Fan de 11e iuw ôf kaam hjir feroaring yn. Lâneigeners wennen net mear op it plattelân, mar yn de stêd. Harren lân waard ferpachte oan boeren. Harren belangen feroaren dêrtroch yn fergelyk mei dy fan de doarpsmienskippen. Boppedat die bliken dat dykoanlis en de ôffier fan wetter saken wienen dy’t better op in gruttere skaal dien wurde koenen.

Yn de 13e iuw begûnen de belanghawwenden mei gearwurking; sadwaande ûntstienen de wetterskippen. De gearwurking kaam net allinnich werom yn de arbeid sels, mar ek yn de sizzenskip fan minsken yn it bestjoer. Dit makket de wetterskippen de âldste foarm fan demokratysk bestjoer yn Nederlân.[2]

Lange tiid bleau it wetterbehear in partikulier barren. Mar yn de Frânske tiid ûntstie de gedachte dat wettersteat in publike saak wie. Yn de 19e iuw waard op lânlik nivo Rykswettersteat foarme en hienen de provinsjes harren eigen wettersteatstsjinsten dy’t tasjoch en koördinaasje dienen fan de lytse wetterskippen. Stadich oan is it meastepart fan dy lytse wetterskippen gearfoege. Dat waard noch fersterke mei de Wetterskipswet fan 1992.[3] Fan de goed 3.500 wetterskippen dy’t der om 1850 hinne wienen, binne der no noch 27 oer.

By de ynrjochting fan in wetterskip binne der ferskillen mooglik. Yn alle gefallen hat in wetterskip in algemien bestjoer, in deistich bestjoer en in dykgraaf, of as der gjin wichtige diken yn it gebiet fan it wetterskip lizze in wettergraaf.

It algemien bestjoer bestiet út fertsjintwurdigers fan kategoryen belanghawwenden: eigeners fan grûn (yngelannen), pachters fan grûn, eigeners fan gebouwen, bedriuwen en sûnt 1992 ek alle ynwenners (ynsitters). De leden fan it algemien bestjoer wurde ek wol de haadyngelannen neamd. De ferskate kategoryen wurde yn it bestjoer fertsjintwurdige neffens harren belang en finansjele bydrage oan it wetterskip, alhoewol’t dat prinsipe koartlyn loslitten is. Oan beskate belanghawwenden (bygelyks miljeu-organisaasjes) kin foech jaan wurde foar it beneamen fan leden.

It algemien bestjoer kiest út eigene kring de lidden fan it deistich bestjoer. Fierders heart ek de dykgraaf of wettergraaf by it deistich bestjoer. Dit is deselde struktuer as by de deistige bestjoeren fan gemeente, provinsje en ryk. It lykwols al sa dat in wetterskipsbestjoer monistysk is, wylst in gemeentebestjoer dualistysk is. De dykgraaf is foarsitter fan sawol it algemien as it deistich bestjoer en wurdt troch de Kroan beneamd foar in tiidrek fan seis jier.

It algemien bestjoer wurdt keazen foar in perioade fan fjouwer ier troch de wetterskipsferkiezings. Dêrby waard oant 2008 ta net op partijen stimt, mar op yndividuele persoanen. By de wetterskipsferkiezing fan novimber fan dat jier waard ûnder de nije Wetterskipswet foar it earst in listestelsel brûkt. Oars as by oare ferkiezings (foar ryk, provinsje, gemeente, Jeropa) wurdt der by de wetterskippen oer de post stimt, dat de minsken hoege net nei it stimburo.

De bestjoerlike en finansjele struktuer fan it wetterskip is fan oarsprong fêststeld neffens it begjinsel belang-betelling-sizzenskip. Neffens dat begjinsel wurdt der ûnderskied makke tusken ferskate kategoryen belanghawwenden. Yn it gebiet fan it wetterskip binne der kategoryen dy’t mear belang haw by it wurk fan it wetterskip as oare kategoryen. Ferwachte wurde kin dat in lânbouwer mear ôfhinklik is fan de wetterstân as immen dy’t allinnich yn it gebiet fan it wetterskip wennet, mar dêr gjin eigen hûs of lân hat. Neffens it begjinsel fan belang-betelling-sizzenskip betellet in kategory dy’t yn ferhâlding in grutter belang hat by it wurk fan it wetterskip ek in grutter bedrach oan it wetterskip. Dizze hegere betelling liedt ta in grutter sizzenskip yn it wetterskipsbestjoer. Dat hoe grutter it belang, hoe grutter de betelling en ek hoe grutter de sizzenskip. Dit prinsipe is oars wol loslitten, omdat de lêsten hjoed de dei nei ferhâlding benammen op it steedlik gebiet lizze, wylst de bestjoeren noch hieltyd relatyf in soad agraryske fertsjintwurdigers hawwe.

 
It Woudagemaal. It behear en ûnderhâld fan de gemalen is ek in taak fan de wetterskippen.

De neikommende taken wurde ta it wurk fan de wetterskippen rekkene: de wetterkearingssoarch, it wettermannichtebehear en it wetterkwaliteitsbehear. Dêrnjonken kinne om redenen fan doelmjittigens ek oare taken oan it wetterskip tasein wurde. Foarbylden dêrfan binne bygelyks it weibehear en farwetterbehear. Dit binne taken dy’t eins in algemiene demokratyske oerheidslichem as gemeenten en provinsjes dwaan moatte soe. Reden hjirfoar is dat in soad ‘boppewetterskiplike belangen’ by dit wurk belutsen binne.

Op it beliedsmêd fan it wetterskip kin it algemien bestjoer algemien ferbinende foarskriften fêststelle (feroarderings, keuren). Guon besluten hawwe de goedkarring fan de provinsje nedich, ek besluten dy't al naam binne, kinne ûnder beskate omstannichheden troch de provinsje opskood of ferneatige wurde. Wetterskippen wurde ynsteld of opheft by provinsjale oardering.

Funksjonele demokrasy

bewurkje seksje

Nederlân is in desintralisearre ienheidssteat. Wetterskippen binne krekt as provinsjes en de gemeenten desintralisearre oerheidslichems. In wetterskip is oars fan in provinsje of in gemeente yn syn wurk. Provinsjes en gemeenten hawwe yn prinsipe in net-bepaalde taak, wylst it wurk fan in wetterskip fêststelt is. Beskiedend foar provinsje en gemeente is it gebiet dêr't er syn taken yn útfiert. Provinsje en gemeente wurde dêrom foarmen fan in territoriale desintralisaasje neamd. Beskiedend foar it wetterskip is de funksje; dizze funksje leit op it mêd fan de wettersteatssoarch. Dizze beheining fan it wurk makket it wetterskip ta in lichem fan in funksjonele desintralisaasje.

Om de wetterskippen finansiere te kinnen, kinne sy ferskate belestingen heffe. Dizze belestingen binne meast dekkend, dat de wetterskippen net ôfhinklik binne fan in fûns dat troch it ryk folt wurdt, lykas it gemeentefûns foar de gemeenten en it provinsjefûns foar de provinsjes. Foar de wettermannichtetaak en wetterkearing binne der de saneamde omslachheffings. Guon wetterskippen heffe ek in omslach foar it ûnderhâld fan wegen as it oanbelangjende wetterskip ek weibehear as taak hat. De kosten dy’t makke wurd foar dit wurk wurde ferdield tusken de ynwenners yn it algemien en eigenrs fan boude objekten en net-boude objekten. Foar de wetterkwaliteitstaak heffe de wetterskippen de fersmoargingsheffing. Dit jildt likegoed foar brûkers as foar eigners fan wenten en bedriuwen. De fernijde Wetterskipswet yntrodusearret fierders ien wettersysteemheffing yn stee fan it hjoeddeiske heffingen foar wettermannichte, wetterkearing en it kwaliteitsbehear fan oerflakwetteren. De suveringsheffing bliuwt sa’t der is. Ut dizze heffing moatte ek de kosten foar de ferwurking fan reinwetter betelle wurde.

Uny fan Wetterskippen

bewurkje seksje

De Uny fan Wetterskippen is de oerkoepeljende organisaasje fan de wetterskippen yn Nederlân. Alle 27 wetterskippen fan Nederlân binne yn dy organisaasje feriene. De organisaasje freget op nasjonaal en ynternasjonaal nivo omtinken foar de wetterskippen en foar in goede wetterhúshâlding. De Uny trêdet foar de wetterskippen op nei it parlemint, it ryk en oare organisaasjes.

Wetterskippen yn Fryslân

bewurkje seksje

Op it stuit binne der yn Fryslân twa wetterskippen oan it wurk. Dat binne:

Oant 2018 wie der noch in trêde wetterskip yn Fryslân aktyf: Blije Bûtendyks.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wetterskippen, de demokrasy fan de Midsiuwen, Anno.nl (sjoen op 19 novimber 2009)
  2. Wetterskippen, Partners foar wetter (sjoen op 19 novimber 2009)
  3. Skiednis fan de wetterskippen yn Nederlân, Wetterskip Vallei & Eem