Tiede Roelofs Dykstra

(Trochferwiisd fan Tiede Dykstra)

Tiede Roelofs Dykstra (Ljouwert, 25 april 1820 - dêre 25 maaie 1862) wie argivaris-bibletekaris fan Fryslân.

Tiede Roelofs Dykstra

Hy studearre yn Frjentsjer (as ien fan de lêsten) en Grins, wie privee-learaar yn Ljouwert. Dykstra wie mei-oprjochter en foarsitter fan it Frysk Selskip (1844), redakteur fan Iduna (mei Harmen Sytstra, 1844-1862), 'Swanneblommen' en de 'Nieuwe Friesche Volksalmanak' (1857-1862).

Dykstra wie in typyske romantikus mei in sterk nasjonalistyske- grutfryske oertsjûging.

  • Foarjiersblomkes, dichtbondel (1840)
  • Fryske Sankjes, dichtbondel (1842, mei H. Sytstra)
  • Bekendste gedicht: Oan 't Noarderhôf (yn Swanneblommen, 1853)
  • Oersettingen fan wurk fan Geijer, Andersen en Hebel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dijkstra, Tiede Roelofs.