Sumatra
Sumatra (of Sumatera) is it op fiif nei grutste eilân op de wrâld (likernôch 470.000 km²) en heart by Yndoneezje.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeSúdeastlik fan Sumatra leit it eilân Java dat skieden wurdt troch de Soendastrjitte. It skiereiân Malakka leit noardlik, skieden troch de Strjitte fan Malakka. Eastlik leit Kalimantan (it Yndonesyske diel fan Borneo), oan de oerkant fan de Strjitte Karimata. Westlik fan it eilân leit de Yndyske Oseaan.
It Barisan-berchtme foarmet de rêchbonke fan it eilân. It rint rûchwei fan it noardeasten nei it súdeasten en krúst likernôch yn it midden de ekwator (de evener). De binnenlannen fan it eilân wurde dominearre troch twa geografyske regio's: it Barisanberchtme yn it westen en moerasflakten yn it easten. It eilân foarmet ûnderdiel fan de Soendabôge, in 6000 kilometer lange eilânnerige fan de Andamanen ôf oan de Molukken.
De regio tankt har fruchtbere boaiem en prachtige natuer oan de fulkanyske aktiviteit, bygelyks om de Tobamar. Der wurdt ek goud en stienkoal fûn.
Nei it easten hawwe de grutte rivieren ôfsettings fan de bergen weifiert, yn it leechlân lizze no sompen. Nettsjinsteande de lytse fruchtberens fan it lân hat it gebiet grutte ekonomyske wearde foar Yndoneezje troch oalje fan "boppe en ûnder de grûn", nammentlik palmoalje en ierdoalje.
Eartiids woe Sumatra foar it grutste part tropysk reinwâld dêr't in ferskaat oan dierelibben. Der kamen ûnder oare Orang oetans, tapirs en Sumatraanske tigers foar, en inkele unike plantesoarten as de rafflesia. Lykwols bedriigje ekonomyske belangen tegearre mei korrupsje en yllegale houtkap it reinwâld slim. Sels beskerme gebieten binne net folslein feilich.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeSumatra is net bot tichtbefolke (45 miljoen ynwenners yn in gebiet like grut as Sweden). De tichtstbefolke regio's fan it eilân binne parten fan Noard-Sumatra en de sintrale heechlannen fan West-Sumatra. De grutste urbane sintra binne Medan en Palembang.
De westkust fan Sumatra wurdt benammen bewenne troch de Minangkabau, de heechlannen yn Noard-Sumatra troch de Batak en de meast noardlike kust Atjehers. Yn de steedlike sintra komme ek minderheden foar fan etnyske Sinezen.
Meastepart fan de Sumatranen is Moslim. De Batak binne meastentiids Protestantske Kristenen, fral troch Nederlânske en Dútske ynfloed. In lyts part fan de befolking is Hindû, Boedist of Katolyk.
Taal
bewurkje seksjeDe befolking is gruttendiels Maleisk en besteane út ferskillende kloften, mei ûngefear 52 ferskillende talen. In protte fan dy befolkskloften diele lykwols deselde tradysjes en de talen binne hiel bot besibbe oan elkoar (alhoewol't meastentiids net ûnderling fersteanber).
Maleisk sprekkende folken domineare de eastkust fan Sumatra, wylst de westkust fral oerhearske wurdt troch folken mei oan Maleisk besibbe talen, as Lampung en Minangkabaus.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeDe provinsjes fan Sumatra (en inkele lytse eilannen) binne:
- Atjeh - haadstêd: Banda Atjeh
- Banka-Billiton - haadstêd: Pangkal Pinang
- Bengkulu - haadstêd: Bengkulu
- Jambi - haadstêd: Jambi
- Lampung - haadstêd Bandar Lampung
- Riau - haadstêd: Pekanbaru
- de Riau-archipel (Kepulauan Riau) - haadstêd: Tanjung Pinang
- West-Sumatra (Sumatra Barat) - haadstêd: Padang
- Zuid-Sumatra (Sumatra Selatan) - haadstêd: Palembang
- Noord-Sumatra (Sumatra Utara) - haadstêd: Medan
Nijsgjirrichheden
bewurkje seksje- de Tobamar
Plakken
bewurkje seksjeFlora en fauna
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sumatra fan Wikimedia Commons. |