Skrânstsjerke
De Skrânstsjerke wie in grifformeard tsjerkegebou oan 'e Skrâns yn Ljouwert.
Skrânstsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Skrâns 92 | |
koördinaten | 53°11' N 5°47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Grifformeard-synodaal | |
ôfstjitten | 2000 | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Ytzen van der Veen | |
boujier | 1910 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Grifformearde Tsjerke yn Huzum waard yn 1910 fanút Ljouwert ynstituearre. Sûnt 1963 waard de namme feroare yn Grifformearde Tsjerke Ljouwert-Huzum.
De Skrânstsjerke waard yn 1910 neffens in ûntwerp fan Ytzen van der Veen yn Huzum boud. Yn itselde jier waard ek de Eastertsjerke oan it Hoeksterpaad yn Ljouwert yn gebrûk nommen. De earste stienlizzing fûn plak troch A.F. Idzerda. Oan 'e boppekant fan 'e tagong is in gevelstien ynmitsele mei de tekst Laat ons de onwankelbare belijdenis der hoop vasthouden (want Die het beloofd heeft, is getrouw). Hebr. 10:23. De tsjerke waard efter in wente boud, dy't tenei as pastorij tsjinne.
Huzum groeide en sa ek de Grifformearde tsjerke fan Huzum. Dêrom waard yn 1926 neffens in ûntwerp fan Ane Nauta de tsjerke fergrutte en in kategisaasjelokaal byboud. De tsjerke hie dêrnei plak foar likernôch 1.000 minsken. Yn 1955 waard der yn Huzum noch in twadde grifformearde tsjerke boud, de Parktsjerke.[1]
Yn 1962 waard de Skrânstsjerke renovearre en yn 1980 waard it ynterieur feroare. Sa binne doe de banken ferwidere en ferfongen troch stuollen.
Yn 1999 waard de tsjerke oerstallich troch fergrizing fan 'e leden en in Samen-op-Weg-proses mei de herfoarmen fan 'e kapel Pniël yn 'e Jozef Israëlsstrjitte. Op 31 desimber waard foar it lêst in tsjinst holden yn 'e Skrânstsjerke. Earder hiene de Huzumer grifformearden de Parktsjerke ek al ferkeapje moatten oan 'e baptisten. Dêrmei holden de Huzumer grifformearden allinne noch de yn 1976 boude Oasetsjerke oer.[2]
De tsjerke waard dêrnei net ôfbrutsene en wiksele ferskillende kearen fan gebrûk. Yn 2004 hierde de evangelyske gemeente De Deur de tsjerke noch foar in skoftsje. [3]
Oargel
bewurkje seksjeIt ienmanualige Van Dam-oargel fan 'e Skrânstsjerke waard yn 1950 ferboud ta in twamanualich ynstrumint. Nei defekten waard yn 1978 besletten it oargel troch Bakker & Timmenga te ferfangen troch in elektroanysk oargel. Yn 1983 waard fan 'e yn 1986 ôfbrutsen Maranathatsjerke yn Hilfertsom in oargel fan 'e firma J. de Koff oernommen en op 'e kreake foar de preekstoel oer delset. Dat oargel hie 21 registers, ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal. Nei't de Skrânstsjerke sletten waard is dat oargel ferkocht oan 'e Westertsjerke yn Gouda.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|