Sint-Martinustsjerke (Snits)
De Sint-Martinustsjerke yn Snits is in roomsk-katolike, neogotyske pseudo-basilikale krústsjerke. De tsjerke is wijd oan 'e hillige Martinus fan Toers.
Sint-Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Singel 62 | |
koördinaten | 53°1' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
wijd oan | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers | |
boujier | 1872 | |
boustyl | neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 34068 | |
Webside | ||
Antonius fan Padûaparochy | ||
Kaart | ||
De tsjerke en de oangrinzgjende pastorij binne ryksmonuminten.
Mei de tsjerken fan Blauhûs, Heech en Reahûs foarmet Snits de Sint-Antoniusparochy.
Skiednis
bewurkje seksjeDe roomsk-katolike Sint-Martinustsjerke waard yn 'e jierren 1869-1871 boud as ferfanging fan in wettersteatstsjerke út 1834. Yn it oarspronklike ûntwerp fan Cuypers wie ek in westlik diel mei in hege toer, mar dat waard fanwegen jildbrek útsteld. It oarspronklike ûntwerp fan 'e Martinustsjerke wie in krúsbasilyk fan 56,5 m lang, 21 m breed en in dwersskip fan 23,5 breed. De toer moast 73 m heech wurde, doe de heechste tsjerketoer fan Fryslân. De tsjerke waard mar 41 m lang en yn 'e simmer fan 1871 koe in begjin makke wurde mei it ynrjochtsjen fan 'e tsjerke.
By in stoarm yn jannewaris 1877 waard de westlike, tydlike muorre omfier blaasd, werby't it oargel ferneatige waard. De westlike muorre waard wer opboud en ûndertusken sparre de parochy fierder foar de bou fan in toer. Mar it jild dat foar dat doel ynsammele waard lang om let foar de bou fan it Sint-Antoniussikehûs yn Snits brûkt wurde, dat yn 1901 boud waard. In sechje fan Snitser katoliken wie letter dat harren tsjerketoer oan 'e Dokter Boumawei stie (dêr it sikehûs mei bedoeld waard).
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke is fan binnen hielendal stúkt en dêrnei beskildere mei in bakstienpatroan yn ferskillende kleuren. Yn 'e sydkapellen en yn it koer waarden ek muorreskilderingen oanbrocht (de muorreskilderingen fan 'e sydkapellen binne letter oerkalke). De alters, de preekstoel, bychtstuollen en kommunybanken binne troch it atelier Cuypers & Stolzenberg út Roermond levere. De brânskildere ramen binne makke troch F. Nicolas. De krúsweistaasjes binne fan lettere datum en troch Joan Colette skildere, in learling fan Jan Toorop.
Yn it ramt fan it Twadde Fatikaanske Konsylje binne der yn 'e jierren 1960 feroarings yn 'e tsjerke útfierd. Sa is der in folksalter lein en waarden de kommynybanken ferwidere. Yn 'e súdlike kapel, hjoed-de-dei de doopkapel, stie eartiids it Marijealter.
Oargels
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1891 efter in neogoatyske oargelkas troch de firma Maarschalkerweerd & Soan út Utert boud. Nei't it oargel in skoft net mear bespile wurde koe, restaurearre de firma Flentrop yn 1996 it oargel, dat 2 manualen, in frij pedaal en 27 registers hat.[1]
Fierder stiet yn it koer noch in koeroargel fan Jos Vermeulen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|