Sevilla is de haadstêd fan Andalûsje, de súdlikste regio fan Spanje. Sevilla is ek de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme (Sevilla). Sevilla leit aan de Guadalquivir rivier.

Sevilla
Fan boppe ôf mei de klok mei: Katedraal fan Sevilla en Giralda, it Plaza de España yn it Maria Luisa Park, Metropol Parasol, de Isabel II ("Triana") brêge en de Torre del Oro
Fan boppe ôf mei de klok mei: Katedraal fan Sevilla en Giralda, it Plaza de España yn it Maria Luisa Park, Metropol Parasol, de Isabel II ("Triana") brêge en de Torre del Oro
Bestjoer
Lân Spanje
Autonome regio Andalûsje
Provinsje Sevilla
Sifers
Ynwennertal 702.355 (2012)
Oerflak 141 km²
Befolkingsticht. 4.981 / km²
Stêdekloft 1,519,639 (2011)
Hichte 7 m
Oar
Stifting ± 1000 f.Kr.
Tiidsône CET UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
www.sevilla.org
Dizze side giet oer de stêd yn Spanje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sevilla (betsjuttingsside).

Skiednis yn it koart

bewurkje seksje

Neffens de Grykske en Romeinske mytology is de stêd stifte troch de Goadesoan Herkules. Troch archeologyske opgravings witte wy dat de stêd om-ende-by 1000 f.Kr. stifte waard. De stêd kaam yn besit fan de Kartagers oant de Romeinen Spanje oermasteren.

Nei de delgong fan it West-Romeinske ryk wienen earst de Fandalen en nei harren de Fisigoaten dêr de baas, oant yn de 8e iuw de Islamityske Moaren Spanje oermasteren. Tidens de rekonkwista yn de 13e iuw waard Sevilla ynnomd troch de Katolike Spanjerts.

Yn de 16e iuw wie Sevilla de wichtichtste tagongspoarte ta de Spaanske koloanjes yn Amearika. De ferneamde sulverfloat hie Sivilla as thúshaven.

Nijsgjirrichheden yn en rûnom Sevilla

bewurkje seksje
  • Alcazar (paleis)
  • Catedral de Sevilla (ien fan de grutste katedralen fan 'e wrâld)
  • Minaret fan La Giralda
  • Museo Archeologico (archeologysk museum)
  • Museo Archivo de Indias
  • Museo de Bellas Artes (museum foar skoandere keunsten)
  • Plaza de España, in plein mei rânebebouwing, in grêft en in fontein
 
Sevilla

Keppeling om utens

bewurkje seksje