Molukske See
De Molukske See of Molukkensee is in rânesee fan de Grutte of Stille Oseaan, leit tusken de Yndonezyske eilannen Selebes en Halmahera en is part fan de Molukken. Yn it noarden grinzet de Molukske See oan de Selebessee, yn it suden oan de Seramsee.
Molukske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Selebes en Halmahera | |
lân | Yndoneezje | |
ûnderdiel fan | Grutte Oseaan | |
sifers | ||
oerflak | ±291.000 km² | |
djipste punt | 4.970 m |
Dit gebiet hat in soad koraal en op in protte plakken wurdt dûkt. Teffens leit de see yn in seismologysk aktive kontrei troch de oanwêzigens fan de Molukske Seeplaat.