Molkbus
In molkbus, as molkkanne, is fan oarsprong stielen bus dêr't molke yn ferfierd waard fan de boer nei it molkfabryk. De meast foarkommende maat wie 40 liter. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden izeren molkbussen ferfongen troch aluminium bussen. Dy hiene ferskate foardielen oangeande harren foargongers. Sa hoegden der gjin rustige bussen mear skjirre te wurden en wiene bussen fan aluminium lichter. Neidiel fan de lichtere (lege) bus wie dat se fan wein ôfwaaiden en maklik omfoelen as se op de bussebân yn it molkfabryk stiene. In molkbus hie altyd ôfrûne naden sa't de wet foarskreau.
As de kij molken wienen, waard de molke troch in tjems yn de molkbus getten en dêryn bewarre. De molkbussen waarden oan de kant fan de dyk set. Dêr stiene se oant se troch de molkrider ophelle waarden om nei it suvelfabryk ferfierd te wurden.
De molkbussen waarden twa kear deis ophelle yn ferbân mei de hygiëne fan de farske molke, útsein op snein. It kuoljen fan de bussen om soer wurden foar te kommen wie in probleem. Faak waard troch de boeren in rûnbûgde koperen buis mei gatsjes om de boppekant fan de bus hongen dêr't kraanwetter trochstreamde. It streamende wetter oer de molkbus soarge foar wat ferkuolling. Op waarme dagen wie de molke somstiids lykwols al fersuorre by oankomst yn it fabryk.
Molkbussen binne tsjintwurdich benammen sierobjekt. Ek wurde se noch brûkt by it karbidsjitten.
Yn 1962 waarden it earste ûndersiken dien nei it bewarjen fan molke yn in kuolle molktank. Yn 1973 molk sa'n 25% fan de Nederlânske melkfeehâlders yn sa'n molktank.
Monumint
bewurkje seksjeYn de gemeente Staphorst is yn 2001 in molkbusmonumint oprjochte. Dat monumint stiet yn it doarp Rouveen, dêr't ek it suvelfabryk Rouveen Kaasspecialiteiten stiet. It suvelfabryk hat it lêste west, dat noch molke ferwurke dy't mei in molkbus transportearre waard fan feehâlderij nei suvelfabryk. Yn de âldjiersnacht fan 1998 op 1999 waard troch de freonegroep Met Man en Macht as âldjiersstunt in hege molkbus op it dak fan it fabryk set. Dêrmei waard omtinken freg foar dit histoaryske feit dat yn 1999 de lêste molkbusrit staakt wurde soe. Twa persoanen út dy freonegroep hawwe dêrnei út namme fan de freonegroep krewearre foar it oprjochtsjen fan in echt molkbusmonumint. Dy aksje is úteinlik folslein sponsore troch Rouveen Kaasspecialiteiten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Molkbus fan Wikimedia Commons. |