Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

Litografy is in grafyske technyk, dy’t by de flakdruk heart. It wurd is ôflaat fan de Grykske wurden λίθος lithos (stien) en γράφειν grafein (tekenje/skriuwe) en betsjut stiendruk.

Lito troch Theo van Hoytema (1893)

Litografy makket gebrûk fan it fet yn it tekenmateriaal en yn de drukinket. As drager fan de tekening moat in beskaat soarte kalkstien of (tsjintwurdich) in coate metalen plaat. As de tekening ôf is, wurdt de stien wiet holden en it tekenmateriaal ferfongen troch drukinket. Mei in parse wurd de beïnke tekening oerbrocht op papier.

De litografy is tusken 1794 en 1798 stal jûn troch Alois Senefelder. Hy socht in manier om syn skreaune toanielstikjes fermannichfâldigje te kinnen. It earste kommersjele súkses helle er ein 18e iuw mei it útjaan fan blêdmuzyk. Nei allerhande eksperiminten fûn er by tafal út dat Solnhofener kalkstien by útstek as byld- en tekstdrager funksjonearje koe. It tafal wol dat er yn Beieren wenne, Súd-Dútslân, dêr’t dy ‘suvere’ kalkstien út de folop foarhannen wie.

 
Lito út in berneboek, 1883

Litografy is mooglik trochdat fet en wetter inoar ôfstjitte. In geskikte kalkstien wurdt byld op makke (tekening). Dan wurdt de tekening mei help fan Arabyske gom fiksearre ofwol fêstlein (sjoch drukinket). De gom makket it part fan de stien dêr’t net op tekene is, ûntfankliker foar wetter. Ek kin oan de gom in soer tafoege wurde. Allinne stikken fan de stien dêr’t net tekene is, wurde oantaast troch it soer. Troch dy oantaasting foar in part kin hichteferskil ûntstean.

Grutte oplages liken lang net mooglik as der allinnich op de ôfstjittende eigenskippen fan fet en wetter betroud waard. As de litografy sa tapast wurdt, is it te werkennen oan in produkt mei in slim kerrelich einresultaat. Litografy yn de hannen fan in keunstner/masterdrukker kin dêrfoaroer tige detaillearre nuânses sjen litte. De oergongen tusken benammen griistoanen kinne dan fluwielsêft wêze. It papier komt daliks yn kontakt mei de stien, dêrom moat it byld op de stien yn spegelbyld oanbrocht wurde.

Litografy is de foarrinner fan de offsetdruk. Se ûntdieken dat de stien oan in doek fan rubber de inket folle better oerdroech as daliks oan it papier. Dêrnei bliek dat it papier ek mear kleur opnimt fan in rubberdoek. Njonken in bettere ôfdruk, wie it in oar grut foardiel dat de druk op de stien folle minder wêze koe, wat de kâns op it brekken fan de stien en skea oan de parse in stik lytser makke. Fan it begjin fan de tweintichste iuw ôf waarden parsen stal jûn mei grutte silinders, dy’t in tige grutte produksje helje koene. Omdat it hjir in yndirekt druk-prosedee oangiet, is it byld net negatyf op de stien, mar lêsber. Op it rubber stiet it byld yn spegelbyld.

Yniering yn de Nederlannen

bewurkje seksje

Nei’t it al yn Ingelân en Frankryk ynfierd wie krige Rotterdam de Nederlânske primeur fan it stiendrukprosedee. De út Beieren ôfkomstige muzykútjouwer Lodewijk Plattner (1767-1842) fêstige him om 1800 hinne yn de Maasstêd en boaske dêr yn 1802 mei Elisabeth Grimberg. Hy wie aktyf as muzykmaster en winkelman yn muzykynstruminten en fan 1808 ôf ek as muzykprinter en útjouwer. Foar de ynrjochting fan syn stiendrukkerij liet er Franz Anton Niedermayr oerkomme, dy wie tegearre mei útfiner Senefelder in pionier op it mêd fan de stiendruk. Yn maaie 1809 registrearre Plattner syn earste yn stiendruk makke muzykstikken by de Keninklike Bibleteek yn Den Haach. Noch yn datselde jier tsjinne Plattner in oktroaifersyk yn by de doe regearjend kening Loadewyk Napoleon Bonaparte, dy hie nammentlik in wet útdien dy’t it nei Frânsk foarbyld mooglik makke nije útfinings, ûntdekkings en ferbetterings te beskermjen troch in oktroai. De oktroai-oanfraach gong dat út mei in fjouwertal printen dy’t foar ’t neist makke wiene troch de yn Rotterdam wenjende Frânske Simon Petit. Yn syn fersyksrift die Plattner him foar as útfiner fan de litografy, ûnwittend fan it feit dat de kening en syn riedsmannen it prosedee al koene. Yn 1805 hie Loadewyk nammentlik by in demonstraasje yn München sels op stien tekene en ek wie yn 1809 it Musterbuch fan Senefelder ferskynd. Nettsjinsteande de wat dubieuze oanpak fan Plattner krige er it oktroai om fiif jier lang as iennige yn Nederlân litografearre muzykpartitueren útbringe te meien.

Yn Amsterdam like de earste stiendrukkerij dy fan de Dútser E. Beijer west te hawwen, yn ‘e mande mei de Nederlanner Abraham Vinkeles oprjochte yn 1816. Vinkeles wie de soan fan de graveur en tekener Reinier Vinkeles, mar hy hie de kapasiteiten fan syn heit net. Beijer en Vinkeles printen muzyk, keunstprinten en hannelsdrukwurk. Yn 1817 waard de saak oernommen troch de boekhanneler C.G. Sulpke, dy’t it bedriuw troch brekme oan saakkundige help twa jier letter al wer ôfstate, wêrtroch it yn besit kaam fan de boekprinter C.A. Spin. Nettsjinsteande it ynroppen fan de help fan Karl Senefelder, broer fan Alois, wurdt de stiendrukkerij gjin súkses.

Den Haach wie it tredde plak yn Nederlân mei in stiendrukkerij. De Frânsman Duval de Mercourt stifte dêr yn 1818 in drukkerij en mocht him Litographe du Roi neame. Duval hat syn kennis foar ’t neist by de Comte de Lasteyrie en G. Engelmann yn Parys opdien. Yn 1820 naam Daniel Abrahams de Keninklike Stiendrukkerij oer. Abrahams wurke ûnder oare gear mei de tekener B.J. van Hove.

Fierder yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn Noard-Brabân hat de earste stiendrukparse yn 's-Hertogenbosch stien. De fan Rotterdam ôfkomsige Jan Ferdinand Demelinne liet him yn dy stêd yn 1821 ynskriuwe as litografist. fan him is net folle bekend. Yn 1822 ûntstie yn Doardt stiendrukkerij Steuerwald trochdat in tal artillery-ofsieren, ûnder wa Steuerwald, in lyts stiendrukparske meitsje liet om proeven mei te dwaan. Se lieten hat dêrby liede troch it boek Vollständiges Lehrbuch der Steindruckerey fan A. Senefelder. In útjefte fan C.H.G. Steuerwald & Comp. wie yn 1926 in samling beamstúdzjes fan de keunstner A. van der Koogh.

Fierder ûntstiene yn 1823 de stiendrukkerij D.K. Müller & Co. yn Arnhim en yn itselde jier stiendrukkerij G.T.N. Suringar yn Ljouwert. De stiendruk kaam yn Nederlân lykwols earst goed fan de grûn mei wurk, dat mei dat fan it bûtenlân meunsterje koe, doe’t yn 1827 de firma’s Desguerrois en Co. en Jobard har yn Amsterdam fêstigen. Hja kamen út Brussel, dêr’t de litografy, ûnder ynfloed út Parys, him al fierder ûntjûn hie. Ut drukkerij Desguerrois kaam letter Drukkerij Senefelder yn Amsterdam fuort. Boppe de yngong fan it âlde fabrykspân yn Amsterdam bylket oan no ta in byld fan Alois Senefelder.

Yn 1869 fêstige de firma L. van Leer oan de Grutte Houtstrjitte 19 yn Haarlim in ynrjochting foar gromolitografy. By it missen fan genôch romte kocht de firma yn 1876 it hjoeddeiske Spaarne 23 en boude op it dêrefter lizzende terrein yn de Achterstrjitte (de hjoeddeistige Spaarnwouderstrjitte 5-7) in nije kleurestiendrukkerij. Yn 1889 gong de firma troch te min opdrachten fallyt en waarden alle huzings op in feiling ferkocht.

De earste stiendrukaktiviteiten yn it lettere België wiene yn 1818 yn Brussel, dêr’t Karl Senefelder, in broer fan de útfiner, kursussen joech en printen drukte. Yn 1820 ynstallearre François Willaume in litopers en ferbûn him mei Mademoiselle Caroline Chatillon, keunstskilderesse, om it tydskrift Journal des Modes Parisiennes te printsjen en út te jaan. Underwilens fêstigen har ek in tal drukkerijen yn oare stêden: Dewasme yn Doarnik, Ubaghs yn Antwerpen, Waucquière yn Bergen (Mons) en Kierdorff yn Gent. Yn Brussel publisearre stiendrukker Jobard yn 1821 de earste platen tekene op stien troch Jean-Baptiste Madou, dy’t mei syn wurk grut súkses hie.

Moderne tapassings

bewurkje seksje

Litografy hat moderne tapassings dy’t jo yn earste oanlis net gau ferwachtsje soene. Lange desennia nei de útfining fan litografy brûkten se elektroanebuizen om elektrisiteit te stjoeren of te rjochtsjen. Koart nei de útfining fan de transistor bliek dat jo fan litografy ôflate techniken yntegrearre skeakelings meitsje koene. De technyk Fotolitografy neamd, bestiet út it fotografysk oanbringen fan de fereaske patroanen yn beskermlagen op de tsjips, de ûnbeskerme dielen ûndergeane dan de winske behanneling. Nederlânske bedriuwen dy’t har dwaande hâlde mei it ûntjaan fan dy technyk binne ASML en Mapper Lithography. De grutste bedriuwen dy’t dizze technyk wrâldwiid tapasse binne Intel en GlobalFoundries (de produksjetûke fan AMD) yn de Feriene Steaten, Samsung Electronics yn Korea en TSMC yn Taiwan. Yn Nederlân is NXP Semiconductors (it foarhinne Philips Semiconductors) noch altyd in wichtige spiler.