Krústochten

(Trochferwiisd fan Krústocht)

De Krústochten wiene in rige oerweldigingstochten troch Jeropeänen yn it Midden-Easten út namme fan it kristlik leauwe, dy't yn 'e 11e iuw, 12e iuw en 13e iuw útfierd waarden. Yn totaal wiene der sân Krústochten, dêr't de lêste fan yn 1270 plakfûn. It is in ier foarbyld fan de Jeropeeske ekpânsjebeweging dy't op gong kaam nei't der yn 10e iuw in ein kaam wie oan de ynvaazjes fan Jeropa troch Wytsingen, Moaren en Aziatyske steppefolken (de Hunnen).[1]

Krúsfarders (Larousse 1922)
Kaart mei krúsfarderssteaten om 1135.

It begûn as in besykjen fan de Kristenen om Moslims út de hillige stêd Jeruzalim te ferdriuwen, mar al gau waarden it wiidweidige oarloggen tsjin oarsleauwenden, yn it Hillige Lân en omkriten, mar ek yn Jeropa. Ek neitiids waard in protte en faak striden út namme fan de Tsjerke. Al op de Earste Krústocht waarden der ek krúsfarderssteaten stichte.

Oare krústochten yn Jeropa binne de betreklik ûnbekende Noardlike Krústochten, wêrfan't dy de Dútske Oarder of Teutonysk Ridders de meast wichtige wiene. Harren aksjes spilen har fral yn de gebieten om de Eastsee hinne ôf. In grut part fan de dêre festige wrâldlike macht ferlearen se wer yn de Slach by Tannenberg yn 1410.

Krústochten en Friezen

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Fryske partisipaasje oan de krústochten‎.

Oan de krústochten hawwe de Friezen fol fjoer meidien. Fan de earste tocht is ûnbekend, mar by de twadde tocht tusken 1147 en 1149 sieten Friezen by dy't meiholpen by de oermastering fan Lissabon op de Moaren. Sûnt de tredde krústocht (1189-1191) oant de sânde (1270) hawwe de bewenners fan de noardlike kustgebieten der hieltyd yn grutte oantallen by west. Yn de tredde tocht wienen sy belutsen by it belis fan Akko en yn 1197 loeken se op 'e nij rjochting it Hillige lân, diskear ûnder lieding fan biskop Hartwich fan Bremen. Fral by de fiifde krústocht (1217-1221) dy't de dielnimmers nei de Nyldelta fan Egypte fierde, bouden de Friezen grutte faam op.

Opmerklik dêrby wie dat de Friezen, ek al wienen hja faak út ferskillende Fryske goaen ôfkomstich, hieltyd by alle krústochten meiïnoar oplutsen en ien oanfierder keazen.

Literatuerferwizing

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • S.J. van der Molen - Oorsprong en geschiedenis van de Friezen, Amsterdam-1981, siden 117-127.
  • H. Brassant, Die Teilnahme der Friezen an den Kreuzzügen ultra mare vernehmlich im 12. Jahrhundert, Berlijn-1970.
  • J.A. Mol, Friese krijgers en de kruistochten, yn Jaarboek voor Middeleeuwse Geschiedenis 4 (2001) 86-118.
  1. Wim Blockmans en Peter Hoppenbrouwers: Eeuwen des Onderscheids.