De kelvin (symboal: K) is de ienheid fan termodynamyske temperatuer, ien fan de sân basisienheden fan it SI.

Kelvintermometer

De skaal is neamd nei de fysikus William Thomson, dy't letter adele waard ta Lord Kelvin. De definysje fan de kelvin-temperatuerskaal bestiet út twaen:

  • 0 K is lyk oan it absolute nulpunt, de leechste temperatuer dy't teoretysk berikber is (gjin molekulêre beweging mear).
  • 1 K is it 1/273,16e diel fan de termodynamyske temperatuer fan it tripelpunt fan wetter. Dat tripelpunt leit 0,01  °C (graden Celsius) heger as it teipunt fan iis. Fandêr dat yn de omrekkening nei graden Celsius de wearde -273,15 brûkt wurdt, want 0 °C is definiearre as de temperatuer fan teiend iis yn wetter by p=p0.

De skaal fan Kelvin is eins ôflaat fan de skaal fan Celsius, mei in oar nulpunt. De Celsiusskaal kin útdrukt wurde yn kelvin mar der is in wichtich ferskil. Yn de termodynamika bestiet it begryp termyske enerzjy. Rûchwei is dat de enerzjy dy't yn de termyske beweging fan de molekulen opslein is. Dy enerzjy is evenredich mei de absolute temperatuer T:

Etermysk = kT
William Thomson alias Lord Kelvin

De evenredichheidskonstante k hjit de Boltzmannkonstante en hat as ienheid joule per kelvin [J/K]. Dat as de absolute temperatuer twa kear sa heech is, is der ek twa kear safolle termyske enerzjy oanwêzich. Dy útspraak jildt foar in absolute temperatuerskaal, lykas de kelvinskaal, mar net foar de Celsiusskaal. De Kelvin is in absolute ienheid mei in natuerlik nulpunt, krektas de joule of de ampère, en der kin mei fermannichfâldigje, dield wurde, ensfh. Mei graden Celsius kin dat net.

De ienheid fan temperatuer hjit sûnt 1967 offisjeel de kelvin, en net mear lykas dêrfoar de "graad Kelvin", sa't wy begelyks wol graden Celsius kenne. Foarbyld:

273,15 K = 0 °C

By tige hege temperatueren is der kwealik ferskil tusken de oantsjutting yn kelvin en yn graden Celsius. Yn populêre literatuer wurdt sein dat de temperatuer yn de midden fan de sinne 15 miljoen graden Celsius is. Dat skilt net folle fan 15 miljoen kelvin, sa't yn wittenskiplike literatuer stiet.

Yn de definysje fan de Kelvin wurdt referearre oan wetter mei as isotoopferhâlding:

  • 0,000 155 76 mol 2H per mol 1H,
  • 0,000 379 9 mol 17O per mol 16O, en
  • 0,002 005 2 mol 18O per mol 16O.

Ek de kleurtemperatuer wurdt meast yn kelvin oanjûn.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: