It kalvinisme is in streaming fan it protestantske kristendom. It is baseare op de teology fan Jehannes Kalvyn. Of it letter kalvinisme ôfwykt of oerienkomt mei wat Kalvyn betocht hie, is in stúdzje op himsels.

In jonge Jehannes Kalvyn

It Kalvinisme soarge foar de twadde reformatoaryske golf, neidat oanhinger fan it Luteranisme fan de herfoarmer Maarten Luther de earste ferfolgingen ûnderfûn hiene. It kalvinisme hie in grutte ynfloed yn Frankryk, Skotlân, dielen fan Switserlân en de Nederlânen. De lear sloech ek oan by de puriteinen yn Ingelân en yn de Feriene Steaten dêr't no noch altyd de presbyteriaanske en kongregationalistyske tsjerken binne. Yn 1536 ferskynde de earste ferzje fan Kalvyns belangrykste wurk mei de namme De Ynstituten fan de Kristlike Religy.

Populêr taalgebrûk.

bewurkje seksje

In oantal kalvinistyske eigenskippen lykje in soad op wat typysk Nederlânsk liket te wêzen. Lykas ynbannich, it net uterjen fan emoasjes, net te keap rinne mei suksessen, net te keap rinne my kapitaal, sunich wêze. Koart gearfetsjend: ’doch mar gewoan, dan dogge jo al gek genôch’.

 
Westerkerk yn Amsterdam.

Kalvinisme wrâldwiid.

bewurkje seksje

It kalvinisme is festlein nei de dea fan Kalvyn. Dat barde tidens de Synoade fan Doardt (1618-1619). De oanlieding fan dizze synoade wie rebûlje tusken Franciscus Gomarus en Jakobus Arminius. De synoade fan Dort hat in soad ynternasjonale oandacht krigen. De lear fan Arminius hat it ferlern en wurdt trocht de synoade feroardielt.

Fan sawol Arminius as Gomarus kin sein wurde dat se oare ideëen hienen as Kalvyn sels. Dochs is de lear fan Gomarus en net de lear fan Kalvyn úteinlik wrâldwiid ferneamd wurden as it kalvinisme.

It kalvinisme is yn ferskate parten fan Jeropeeske lannen en sels fier derbûten de haadstreaming wurden fan it kristendom. Dat wie ek it gefal foar Nederlân. De Nederlânske grûnwet foar in part basearre op kalvinistyske prinsipes en stânpunten. Hjoed de dei is it Katolike leauwen de grutste streaming fan it kristendom yn Nederlân. Mar de op ien nei grutste streaming is noch hieltyd it kalvinisme. Yn Dútslân en Skandinaavje is foaral it luteranisme in wichtige streaming.

De grutte mearderheid fan de Afrikaansk-talige befolking fan Súd Afrika en Namybje is ek oanhinger fan it kalvinisme. It kalvinisme wie eartiids ek yn Poalen, Eastenryk, Hongarije en Roemeenje wichtich.

Kalvinisme en kapitalisme.

bewurkje seksje

Guon skriuwers lykas Max Weber, hawwe in ferbân lein tusken de opkomst fan it kapitalisme en dat fan it kalvinisme yn deselde tiid. It kalvinisme ken sekere wearden dy’t neffens Weber nedich binne om in kapitalistyske ekonomy fiere te kinnen. Omdat in kalvinist net seker wit of't hy wol útkard wurde sil, moat er yn it libben hurd wurkje om foarút te kommen, oars ferspilet hy syn plak neist God, mocht er tafallich wol útkard wurde.

Neffens Weber wie it kapitalisme net sasear ynklauwerich mar foaral rasjoneel, oarderlik en rjochte om foarút te kommen yn de wrâld. Kalvyn hie fêst bedoeld foarút kommen yn de geastlike sin, mar syn folgelingen mienden yn de materialistyske sin. Neist hurd wurkjen moasten kalvinisten betrouber wêze, iverich, earlik, earnstich en gesachsgetrou. Dizze eigenskippen makken it dat kalvinisten betroubere saken partners binne, dit fersterket harren sukses noch ris.

Keppeling om utens

bewurkje seksje