Humanisme
It Humanisme is in net godstsjinstige libbens- en wrâldbeskôging dêr't de minske en de rede yn sintraal stiet. Kaaiwurden dêrfan binne: selsûntplooiiing, frijheid, en ferantwurdlikheid. It (moderne) humanisme bloeide op yn de renêssânse, mar bout fierder op in iuwenâlde tradysje dy't âlder is as it Kristendom en út de Grykske âldheid stammet. In bekend foarbyld dêrfan is Sokrates dy't yn syn tiid de boargers fan Atene oansette om selsstannich te tinken.
De ynfloed fan it humanisme op polityk maatskiplike streamingen as it liberalisme en sosjalisme hat tige grut west. In protte minsken kinne harren wol fine yn de humanistyske gedachte, mar as organisaasje hat it humanisme lykwols gjin grutte oanhing yn de wrâld.