Hudson (rivier)
De Hudson is in rivier yn de Feriene Steaten fan Amearika. Hy ûntspringt yn it Adirondacberchtme yn it noardlik part fan de steat New York en rint oer Albany nei de stêd New York, dêr't er by Manhattan en Jersey City lâns streamt en mûnet yn de Haven fan New York en New Jersey. De rivier is 507 km lang en hat in streamgebiet fan 36.260 km².
Yn de stêd Cohoes, inkelde kilometers benoarden fan Albany komt de rivier Mohawk út yn de Hudson.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeDe Hudson waard neamd nei Henry Hudson, de Ingelsman dy't yn tsjinst fan de Nederlânske VOC fergees socht nei de noardwest passaazje nei East-Ynje. Yn 1609 lâne er by fersin op Noard-Amerikaanske grûn.
De rivier waard yn 1524 al ferkend troch de Italjaan yn Frânske tsjinst Giovanni da Verrazzano, waans namme jûn is oan ien fan de brêgen oer de Hudson, de Verrazano-Narrowsbrêge.
De Nederlanners neamden de rivier "Noard Rivier" – de Delaware neamden sy de "Súd Rivier" –, it wie de rêchbonke fan de Nederlânske koloanje Nij-Nederlân. De delsettingen ûntstienen oan de strategysk wichtige Hudson, de poarte nei it binnenlân, dêr't de Ingelsken it each ek op falle lieten.
De Hudson yn New York
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hudson River fan Wikimedia Commons. |