Homêros (oare farianten binne Homearus en Homearos) wie in Grykske dichter en sjonger dy't libbe fan om-ende-by 800 f.Kr. oant 750 f.Kr. Hy makke epyske gedichten, dêr't hy in grut tal oerlevere heldesêgen, goadeferhalen en mytyske fertellingen yn ferwurke út de Grykske kultuer. Fanâldst wurde twa epyske gedichten, de Ilias en de Odyssee, de âldst bekende en bewarre bleaune literêre wurken út de Grykske letterkunde, oan him taskreaun. Lykwols is dizze fêststelling net langer mear folslein wis en wurdt sels bestride oft beide wurken troch ien en deselde skriuwer makke binne.

Homêros
skriuwer
Ofbylding fan Homêros út de Romeinske Tiid (Britsk Museum, Londen).
Ofbylding fan Homêros út de Romeinske Tiid
(Britsk Museum, Londen).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hómēros (Ὅμηρος)
nasjonaliteit Smyrneesk
berne ±800 f.Kr.
berteplak Smyrna (Ioanje) (?)
stoarn ±750 f.Kr.
stjerplak Ios (de Sykladen) (?)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre poëzij
perioade Iere Aldheid
bekendste
  wurk(en)
de Ilias
de Odyssee
jierren aktyf ±800 – ±750 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Oer de tiid fan Homêros en de omstannichheden dêr't hy yn libbe hawwe wy amperoan ynformaasje. De gelearden binne it net iens oer syn berteplak. Neffens guon is dat Smyrna, oaren sizze it eilân Gios. Fierders wurdt der sein dat er blyn wie, omdat alle kearen as er in ferhaal fertelde hy syn eagen slute. Syn bynamme wie dan ek de bline bard.

It meastepart fan dat wat wy oer him witte is net wis. De Nederlânske gelearde Ruijgh hat besocht oan te toanen dat Homêros al yn de njoggende iuw foar Kristus libbe hawwe moat. It probleem mei Homêros is dat er syn kost fertsjinne mei it sammeljen en fertellen fan ferhalen dy't hy nei alle gedachten troch oaren opskriuwe liet, mar wis is dat net. Troch guons wurdt beweard dat Homêros nea bestien hat, of dat de namme Homeros in sammelnamme is foar ferskate dichters, dy't de Ilias en Odyssee skreaun hawwe. De stúdzje dy't har hjir mei dwaande hâldt wurdt de Homearyske kwestje neamd.

Inkele libbensbeskriuwings fan Homeros binne oerlevere, û.o. ien troch "Herodotos", dy't hiel nuver pas skreaun waard doe Herodotos al twahûndert jier dea wie.

De Ilias en de Odyssee binne epyske gedichten. Yn beide ferhalen wurdt de striid om Troaje beskreaun, in stêd yn it noardwesten fan Lyts-Aazje, elts ferhaal fanút in oar gesichtspunt. Nei alle gedachten hawwe der iuwenlang mûnling oerlevere Trojaanske heldensêges bestien dêr't troch him de beide gedichten út gearstald binne.

  De Wikipedy hat ek in side Ilias.

De Ilias (sa neamd nei de oare namme fan Troaje, Ilion) beskriuwt in koarte episoade út dy striid. De oanrin fan dizze episoade komt mar amper oan bod, te witten: de skaking fan Helena, de dochter fan Leda en Seus, dy't troud wie mei kening Menelaüs fan Sparta troch Paris, de soan fan kening Priamus fan Troaje, de fjildtocht om Helena te befrijen ûnder lieding fan Agamemnon en wat foarfalt tidens de earste seis jierren fan it belis. It wichtige tema yn de Ilias is de wrok fan Agilles tsjin de Grykske lieder Agamemnon. Sy krije spul om in bút makke slavinne, dêr't Agilles him troch oan de striid ûnttrekt en militêre rampspoed foar de Griken it gefolch is. De dea fan Agilles syn striidkammeraat Patroklus soarget derfoar dat Agilles werom komt en wer meidocht oan de striid om him te wreken op de Trojaanske held Hektor. De útfeart fan Hektor is de lêste episoade fan de Ilias. It sneuveljen fan Agilles, dy't troffen wurde soe yn syn sprekwurdlike wurden Agillespees en de ynname fan Troaje neffens de klassike kriichslist mei it Hynder fan Troaje, komme der net yn foar.

 
Odysseus en Nausikaa
  De Wikipedy hat ek in side Odyssee.

De út 24 boeken besteande Odyssee (ôflaat fan de namme Odysseus fan de Grykske kening fan it eilân Itaka) giet oer de tsien jier duorjende weromreis fan de haadpersoan Odysseus en de aventoeren dy't er meimakket, û.o. op it eilân fan de nimf Kalypso, syn ferbliuw op it eilân fan de Paiaken, dêr't er ferhellet wat him allegearre is foarfallen en de eigentlike thúskomst yn syn keninkryk Itaka, dêr't hy ôfrekkent mei de protte frijers fan syn frou Penelope, dy't al dy jierren trou op him wachte hat.

Der binne noch oare wurken dy't oan Homêros taskreaun wurde:

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

folsleine âld-Grykske boarnetekst fan de Odyssee mei in oersetting yn it Nederlânsk