Hirohito
Hirohito (Tokio, 29 april 1901 – dêre, 7 jannewaris 1989) (útspraak: "Hirosjto") wie de 124e keizer fan Japan. Hy folge yn 1926 syn heit Yoshihito op, neidat hy al yn 1921 as regint beneamd wie. Hy regearde oant syn dea yn 1989, in perioade fan yn totaal 62 jier en 13 dagen. Dêrmei is hy de keizer dy't it langst oer Japan hearske. Dy perioade stiet yn Japan bekend as dy fan de Showa (ferljochte frede). Shōwa is ek de namme dy't Hirohito postúm krige, en wêrûnder hy no yn Japan it bekendst is.
Yn 1924 troude Hirohito 'keizerinne Kōjun' (Prinses 'Nagako' fan Kuni: 1903-2000), dy't de titel prinsesse krige. Yn 1933 waard harren âldste soan en troanopfvolger, Akihito, berne. Nei de dea fan Hirohito folge dizze him op as keizer fan Japan.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Shōwa Emperor fan Wikimedia Commons. |