Henry E. Noyes (folút: Henry Erastus Noyes; Belfast (Maine), 23 augustus 1839Berkeley (Kalifornje), 13 july 1919) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Hy brocht it ta de rang fan brigadegeneraal.

Henry E. Noyes
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Henry Erastus Noyes
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 augustus 1839
berteplak Belfast (Maine)
stoarn 13 july 1919
stjerplak Berkeley (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611901
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang brigadegeneraal (sûnt 1904)
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
treffen(s) Earste Slach by Bull Run
Slach by South Mountain
Slach by Antietam
Slach by Fredericksburg
Slach by Brandy Station
Slach by Winchester
Slach by Opequan
Slach by Nashville
Slach oan de Powderrivier
Slach oan de Rosebud
Slach by Slim Buttes

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Noyes waard yn 1839 berne yn Belfast, yn 'e Amerikaanske steat Maine, as de soan fan Henry S. Noyes en dy syn frou Rebecca Tyler. Hy studearre oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er op 24 juny 1861, koart nei it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) slagge foar syn eksamens. Noyes waard doe mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 2e Rezjimint Dragonders, in kavalery-ôfdieling fan it Noardlike Leger.

Militêre karriêre

bewurkje seksje

Under de Boargeroarloch naam Noyes diel oan 'e ferdigening fan 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. yn 'e Earste Slach by Bull Run. Teffens wied er belutsen by de Ekspedysje nei Port Royal, yn Súd-Karolina. Letter focht er yn 'e slaggen by South Mountain, Antietam, Fredericksburg, Beverley Road, Brandy Station, Winchester, Opequan en Nashville. Op 1 augustus 1863 waard er befoardere ta kaptein foar moed betoand yn de Slach by Brandy Station. Op 2 april 1865 waard syn dapperens by de ferovering fan Selma, yn Alabama, beleanne mei in fierdere befoardering ta de rang fan majoar.

Nei ôfrin fan de Amerikaanske Boargeroarloch wie Noyes oan de Amerikaanske frontier legere, yn Fort Fetterman, yn Wyoming. Under de Grutte Sû-Oarloch naam er yn maart 1876 diel oan 'e Bighorn-ekspedysje, ûnder brigadegeneraal George Crook. Noyes focht dêrby ûnder kolonel Joseph J. Reynolds yn 'e Slach oan de Powderrivier, yn súdlik Montana, wêrby't it Amerikaanske Leger in nederlaach litte. Letter dat jiers naam er ek diel oan 'e simmerkampanje, wêrby't er mids juny yn 'e Slach oan de Rosebud focht, dy't einige yn in nije oerwinning foar de Yndianen. Oan 'e ein fan 'e simmer tsjinne Noyes ûnder Crook by dy syn saneamde Hynstefleismars (sa neamd om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen har eigen hynders opite moasten) en yn 'e Slach by Slim Buttes.

Yn 1898 tsjinne Noyes ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch yn 't earstoan yn 'e Amerikaanske mobilisaasjekampen te Chickamauga, Mobile en Tampa. Letter focht er op Kuba, dêr't er neitiid in skoft gûverneur-generaal fan 'e provinsje Santa Clara wie. Noyes swaaide op 16 novimber 1901, nei mear as fjirtich jier aktive tsjinst, ôf út it Amerikaanske Leger, mar waard ûnder syn pinsjoen op 23 april 1904 noch mei weromwurkjende krêft befoardere ta brigadegeneraal.

Noyes kaam op 13 july 1919 yn Berkeley, yn noardlik Kalifornje, te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 79 jier. Hy waard op 14 july begroeven op it Nasjonaal Begraafplak San Francisco. Noyes liet in frou, Louise W. Noyes, en fiif bern nei: Henry W. Noyes, Arthur P. Noyes, kolonel Samuel W. Noyes, Louise Noyes Wallace (troud mei majoar George W. Wallace) en Margaret Noyes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: