Bile
In bile is in swier stik ark mei in sneed om te kappen en te kliuwen.
Fûstbilen hearre ta it âldst bekende ark en gean werom op de iere stientiid: de âldsten wurde rûsd op 2,5 miljoen jier. Se waarden makke troch splinters fan in stien ôf te slaan wêrtroch't in skerpe râne ûntstie. Sokke bilen koenen ek brûkt wurde as mes of skrabber. Ut de midden stientiid binne de earste bilen bekend dy't oan stâlen fêstmakke waarden. Dêrmei kin in gruttere krêft útoefene wurde dêr't de brûker mei in lichtere bile troch wurkje kin en minder gau wurch wurdt. De bilen út de nije stientiid wienen soms moai gled slipe stienen bilen fan fjoerstien of oare stiensoarten. Yn de kopertiid, oan de ein fan de nije stientiid waarden ek yn koperen getten bilen makke mei deselde flakke foarm as de stienen bilen. De bekende iismummy Ötzi hie sa'n bile, dêr't de kling fan foar 99% út koper bestie. Yn de brûnstiid gie men oer op brûns, dat duorsumer en makliker te jitten wie as koper, en waard de foarm fan de bile hieltiten fierder ferbettere. Dy bilen liken hieltiten minder op harren stienen foarrinders. De folgjende stap wie it smeien fan bilen fan izer en stiel.
Bilen wurde brûkt as ark foar it bewurkjen fan hout of as wapen en soms foar beide doeleinen tagelyk (lykas de bilen út de brûnstiid). In keukenbyltsje wurdt yn in soad húshâldingen brûkt foar bygelyks it lyts hakjen fan oanmak en it slachtsjen fan hinnen. Foar it omkappen fan beammen binne swiere bilen mei lange stâlen wenst, foar it kappen fan grutte blokken brânhout lichtere bilen lykas bygelyks in kleaubile. Dan is der noch de dissel, in bile mei in fearnslach draaide bilekop dy't brûkt wurdt om bygelyks holtes út te hakken.
Bilen dy't as wapen ornearre binne binne meastentiids lichter, omdat by it gefjocht fluggens fan belang is. Bekende striidbilen út de skiednis binne de stienen hammerbilen út de nije stientiid, de francisca, in smytbile dy't troch de Franken brûkt waard, of de tomahawk fan de Noard-Amerikaanske yndianen.
In bysûnder gefal is de bile dy't yn de Midsiuwen en dêrnei troch skerprjochters brûkt waard, om minsken te ûnthalzjen.
Sjoch ek
bewurkje seksje-
Fûstbile
-
Fjoerstiennen bile
-
Neolityske bile
-
Neolityske bile
-
Bile út de Brûnstiid
-
Sweedske bile út de Izertiid
-
Moderne bile
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Axes fan Wikimedia Commons. |