Harinxma
Harinxma is in famyljenamme fan Frysk komôf en wie eartiids in wichtige Haadlingefamylje. Yn de twadde helte fan de 15e iuw waarden sy mei de Siaerda's en Juwinga's ta de machtichste famyljes fan Fryslân rekkene. Sy hiene sizzenskip oer Snits en hearden ta de partij fan de Skieringers.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Harinxma's regearen net allinnich Snits dêr't sy yn it kolleezje fan rjocht en ried oer in erflike skepensit beskikten, mar behearsken ek de lytsere stêden Drylts en Sleat. Fierder hiene sy steunpunten yn de doarpen Heeg en Wâldsein. Hja koene yn in grut gebiet Wymbritseradiel, Gaasterlân en Raerderhim mannen mobilisearje.
Van Harinxma thoe Slooten
bewurkje seksjeOfstammelingen fan de Harinxma's neamden har Van Harinxma thoe Slooten. Dizze family is in 1814 yn 'e Nederlânske adel opnaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|