Grover Cleveland
Stephen Grover Cleveland (Caldwell, 18 maart 1837 – Princeton, 24 juny 1908) wie de 22ste en 24ste presidint fan de Feriene Steaten fan 1885 oant 1889 en fan 1893 oant 1897.
Cleveland wie in demokratysk politikus, boargemaster fan Buffalo en gûverneur fan New York west doe't er James Blaine fersloech by de presidintsferkiezingen fan 1884. Yn syn regearperioaden, fan 1885 oant 1889 en fan 1893 oant 1897, waard er priizge om syn moed, earlikheid as man sûnder wryt of slyt. Syn besykjen om de ynfierrjochten te ferleegjen, syn protte feto's fan Kongresbesluten en it stelselmjittich negearjen fan de parse makke him net sa populêr. Dat hy ferlear de Amerikaanske presidintsferkiezingen fan 1888 fan Benjamin Harrison.
By presidintsferkiezingen fan 1892 fersloech er lykwols deselde Benjamin Harrison; syn twadde termyn rûn fan 1893 oant 1897. In wapenfeit fan Cleveland út dy regearperioade dat it fernijen wurdich is, wie it ynlûken fan de troch Harrison útfeardige Sherman Silver Purchase Act (1890) yn 1893. Tenei lei goud yn stee fan sulver oan de basis fan de jildhûshâlding. Cleveland is de iennige presidint dy't yn twa net oaniensletten terminen presidint west hat. Hy wie teffens de iennige presidint dy't yn it Wite Hûs it houlik oangie. Op 2 juny 1886 troude er mei de 27 jier jongere Frances Cleveland (Frances Clara Folsom), dy't doe 21 wie en sa de jongste First Lady oant no ta waard. Sy ferfong Rose Cleveland, de suster fan de presidint, dy't as First Lady optrede yn de tiid dat hy noch frijfeint wie.
Kabinetsleden ûnder Cleveland (1e perioade)
bewurkje seksjeKABINETSLEDEN | MINISTEARJE | Perioade | Bysûnderheden: |
Thomas Boyard | Bûtenlânske Saken | 1885 - 1889 | |
Lucius Lamar | Binnenlânske Saken | 1885 - 1888 | |
William C. Endicott | Oarloch | 1885 - 1889 | |
Daniel Manning | Finânsjen | 1885 - 1887 | |
Augustus Garland | Justysje | 1885 - 1889 | |
William Whitney | Marine | 1885 - 1889 | |
William Vilas | Posterijen | 1885 - 1888 | |
Binnenlânske Saken | 1888 - 1889 | ||
Charles Fairchild | Finânsjen | 1887 - 1889 | |
Donald Dickinson | Posterijen | 1888 - 1889 | |
Norman Colman | Lânbou | 1889 |
Kabinetsleden ûnder Cleveland (2e perioade)
bewurkje seksjeKABINETSLEDEN | MINISTEARJE | Perioade | Bysûnderheden: | ||||
Walter Gresham | Bûtenlânske Saken | 1893 - 1895 | Minister fan Posterijen / Finânsjen ûnder Arthur | ||||
Hoke Smith | Binnenlânske Saken | 1893 - 1896 | Daniel Lamont | Oarloch | 1893 - 1897 | ||
John Carlisle | Finânsjen | 1893 - 1897 | |||||
Richard Olney | Justysje | 1893 - 1895 | |||||
Bûtenlânske Saken | 1895 - 1897 | ||||||
Hilary Herbert | Marine | 1893 - 1897 | |||||
Wilson Bissell | Posterijen | 1893 - 1895 | |||||
Julius Morton | Lânbou | 1893 - 1897 | |||||
Judson Harmon | Justysje | 1895 - 1897 | |||||
William Wilson | Posterijen | 1895 - 1897 | |||||
David Francis | Binnenlânske Saken | 1896 - 1897 |