Gouden Kneppel
De Gouden Kneppel is in priis fan de Jongfryske Mienskip. De Gouden Kneppel wurdt útrikt oan persoanen dy't in bysûndere bydrage levere hawwe oan de Fryske taal en kultuer. De priis waard ynsteld yn ‘e hjerst fan 2021, santich jier nei Kneppelfreed op 16 novimber 1951 te Ljouwert.
Gouden Kneppel | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
útrikt foar | bydrage Fryske taal en kultuer | |
útrikt troch | Jongfryske Mienskip | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | novimber | |
ynsteld | 2021 | |
1e útrikking | 2022 | |
offisjele webside | ||
Jongfryske Mienskip |
De priis bestiet út in mei de hân makke Fryske ikehouten kneppel mei figueren út de âldheid fan keunstneresse Grethe-Marie Broersen.
Winners
bewurkje seksje- 2024 – Willem Schoorstra foar syn talint as Frysk dichter, romanskriuwer, histoarysk -, polityk- en taalaktivist it Frysk fjoer te ûntstekken by in soad minsken. [1]
- 2022 – Aant Jelle Soepboer foar syn talint as drummer, skriuwer, politikus, adviseur, sprekker, ûnderwiisman en ferbiner.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|