Fiere Easten
It Fiere Easten is in Eurosintryske term dy't faak brûkt wurdt om Súd-Aazje, East-Aazje en Sudeast-Aazje oan te tsjutten. Somtiids wurdt hjirmei ek it meast eastlik part fan Ruslân; it Russyske Fiere Easten (mei as meast wichtige haven Vladivostok) en de westlike Grutte Oseaan oantsjut.
Dizze term makke opgong yn it Britske Ryk yn de iere 19e iuw om alle lannen eastliker as Britsk Yndia mei oan te tsjutten en waard oernaam yn de grutte Europeeske talen.