Ensyklopedy
In ensyklopedy is in gearfetting fan al it minsklik witten, of fan al it minsklik witten op in bepaald mêd. It wurd komt fan de Encyclopédie, in Frânske ensyklopedy fan Denis Diderot en Jean Baptiste le Rond d'Alembert, út in 1772.
Ferskillen
bewurkje seksjeEnsyklopedyen ferskille nei it mêd, nei de struktuer, nei de grutte en nei it stânpunt. Sa binne der njonken algemiene ensyklopedyen ek spesjale ensyklopedyen, dy't in spesifyk mêd behannelje, bygelyks de Encyclopedie van Friesland.
Foarm
bewurkje seksjeDe earste skriuwers skreaunen harren wurk mear as bondels fan teksten, mar lettere ensyklopedyen hawwe mear struktuer. In protte binne alfabetysk oardere, guon, lykas de Britsk/Amerikaanske Encyclopædia Britannica, binne systematysk.
In lytse ensyklopedy yn ien bân, lykas de Frânske Petit Larousse, kin fansels net like djip op alles yngean as de grutte ensyklopedyen yn mear as tweintich bannen. Mar der is ek in ferskil yn hoe djip elk los artikel op de stof yngiet. Sa is de Dútske Brockhaus in foarbyld fan in wurk mei in protte koarte artikels, wylst de Britannica lang net safolle artikels hat, mar al hiel lange artikels.
Stânpunt
bewurkje seksjeHoewol der yn de measte ensyklopedyen besocht wurdt de artikels út in neutraal stânpunt te skriuwen slagget dat mar foar in part. Sa wienen de skriuwers fan de Encyclopédie nochal tsjin op de religy wat dúdlik te fernimmen wie, en hawwe hjoeddeiske ensyklopedyen faak in stânpunt wat oerienkomt mei it part fan de wrâld dêr't se skreaun wurde. Ek Wikipedia besiket neutraal te wêzen, mar eltse Wikipedy behannelet al it meast dy saken dy't foar de sprekkers fan dy taal it wichtichste binne.
Digitaal
bewurkje seksjeSûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw wurde der net gjin grutte algemiene ensyklopedyen op papier útjûn, mar ferskine dy op kompaktskiif of op dûbelskiif en/of binne dy fia it ynternet tagonklik. Sa wie bygelyks yn Nederlân de njongende printinge fan de Winkler Prins Ensyklopedy, dy't tusken 1990 en 1993 útjûn waard, de lêste papieren ferzje.