Dr. No (film)

film út 1962 fan Terence Young

Dr. No (útspr. as Doctor No) is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1962 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Ursula Andress as de Bond girl Honey Ryder. De titel ferwiist nei de namme fan 'e antagonist. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1958 fan Ian Fleming, hoewol't it senario ek eleminten út oare James Bond-romans befettet. It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er útstjoerd wurdt nei Jamaika, dêr't in oare Britske agint spoarleas ferdwûn is. It ûndersyk liedt him nei de ûndergrûnske basis fan 'e smjunt Dr. No, dy't fan doel is om it Amerikaanske romtefeartprogramma op Cape Canaveral yn 'e bulten te jeien mei in wapen yn 'e foarm fan in radioliedstriel.

Dr. No
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Terence Young
produsint Harry Saltzman
Albert R. Broccoli
senario Richard Maibaum
Johanna Harwood
Berkeley Mather
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Ted Moore
muzyk Monty Norman
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sean Connery
Ursula Andress
byrollen John Kitzmiller
Joseph Wiseman
Anthony Dawson
Zena Marshall
Jack Lord
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 5 oktober 1962
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $1,1 miljoen
opbringst $59,6 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● folgjend diel From Russia with Love

Dr. No wie it earste diel út 'e James Bond-filmsearje en fêstige fuort in stikmannich eleminten dy't neitiid fêste ûnderdielen fan 'e searje waarden, lykas de yntroduksje fan 'e haadpersoan sjoen troch de loop fan in fjoerwapen en de bekende titelmuzyk fan Maurice Binder. De film, dy't tsjin in leech budget makke waard, wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, en lei dêrmei de grûnslach foar de fierdere filmrige. Doedestiden krige Dr. No fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar meitiid bettere de reputaasje op en tsjintwurdich wurdt de film beskôge as ien fan 'e bêste James Bond-films. In folgjend diel yn 'e rige, From Russia with Love, kaam út yn 1963.

John Strangways, de liedende geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 yn 'e Britske koloanje Jamaika, wurdt fermoarde, tegearre mei syn sekretaresse. Neitiid wurdt syn wente troch de moardners trochsocht, dy't ferskate dossiers stelle en de beide liken weiwurde litte. As M, it haad fan MI6 yn Londen, berjocht kriget fan 'e mysterieuze ferdwining fan Strangways, jout er geheim agint James Bond opdracht om 'e saak te út te sykjen. Hy fertelt Bond dat Strangways dwaande wie mei in ûndersyk nei de opsetlike behindering fan it romtefeartprogramma fan 'e NASA op 'e Amerikaanske basis Cape Canaveral yn Floarida, troch radiofersteuring dy't ôfkomstich liket te wêzen fan Jamaika. De Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA hat ek in man nei Jamaika ta stjoerd, Felix Leiter, en Bond moat mei dyselde gearwurkje.

As Bond op Jamaika arrivearret, wurdt er op 'e lofthaven fan Kingston oansprutsen troch in Jones, dy't úthâldt de sjauffeur te wêzen dy't troch de koloniale oerheid stjoerd is om him ôf te heljen. Bond, dy't wit dat er net ôfhelle wurde soe, stapt likegoed by de man yn 'e auto, mar as er syn sjauffeur letter op in stil plakje oermânsk wurdt, docht de man selsmoard troch yn in mei syanide tamakke sigaret te biten. Nei't Bond him melden hat by de koloniale autoriteiten, wurdt er troch Pleydell-Smith, de earste sekretaris fan it koloniaal bestjoer, rûnlaat yn 'e wente fan Strangways. Dêr ûntdekt er bewiis dat Strangways koartby grûnmeunsters ûndersykje litten hat troch in befreone geolooch, professor Dent.

Neitiid bejout Bond him nei de haven om Quarrel te ûnderfreegjen, in Kaaimaneilanner mei wa't Strangways gauris de see op gie te angelfiskjen. Dyselde blykt gear te wurkjen mei de CIA en bringt Bond yn 'e kunde mei Felix Leiter. It docht bliken dat de angelfiskerstripkes fan Strangways en Quarrel bedoeld wiene om 'e krekte lokaasje fêst te stellen dêr't de radiosteuring fan 'e NASA-operaasjes wei kaam. Strangways wie derfan oertsjûge dat de oarsprong op ien fan 'e lytsere eilantsjes foar de Jamaikaanske kust lei, en hy hie yn dat ramt benammen belangstelling foar Crab Key, in eilantsje mei in bauksytmyn eksploitearre troch de Aziatyske dr. No, dy't gjin ûnbefoegden op syn gerjochtichheid hawwe wol. Quarrel en de lânseigen befolking fan Jamaika ferkeare yn 'e ûnderstelling dat der in draak op Crab Key libbet en binne deabenaud om nei it eilân ta; Bond ornearret dat soks byleauwe is, grif aktyf oanfitere troch dr. No.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De grûnmeunsters dy't Strangways ûndersykje litten hat troch Dent, kamen neffens Quarrel fan Crab Key, dêr't se tegearre by nacht temûk in kear oan lân gien binne. As Bond by Dent op besite giet om dêr mear oer te witten te kommen, fertelt de geolooch him dat de meunsters bestiene út weardeleas pyryt, dat net fan Crab Key ôfkomstich west hawwe kin om't dy stiensoarte dêr simpelwei net foarkomt. Bond fertrout it spul net, mar hat gjin bewiis dat Dent him in potsje stiet foar te ligen. Nei harren moeting hastiget Dent him lykwols nei Crab Key ta, om dr. No te warskôgjen dat Bond harren op it spoar is. Dr. No jout Dent in tarantula mei, in giftige reuzespin, dy't Dent yn Bond syn hotelkeamer tusken de lekkens stoppet. De koelbloedige Bond bliuwt lykwols deastil lizzen as er dy nachts de spin oer him hinne kuierjen fielt, en slacht it bistke dea sadree't it oerstapt is op it kjessen.

De oare moarns besiket Bond Pleydell-Smith om 'e dossiers op te freegjen dy't it koloniale bestjoer gearstald hat oer Crab Key en dr. No. Hy is net ferheard as bliken docht dat dy dossiers ûnfynber binne en dat Strangways de lêste wie dy't se ynsjoen hat. Hy trappearret juffer Taro, de sekretaresse fan Pleydell-Smith, as dy harren petear ôfharket, hoewol't se beart dat dat net wie wat se die. Bond besiket har te fersieren, en sy hat wol belangstelling foar him, dat se prate dy middeis by har thús ôf. Earst giet Bond mei in geigerteller nei de boat fan Quarrel ta, dêr't it plak dêr't de stiennen fan Crab Key lein hawwe, flink heger yn radio-aktive strieling blykt út te slaan as de rest fan 'e romp. Hy praat mei Leiter en Quarrel ôf om dy jûns, nei tsjuster, nei Crab Key te farren om te sjen wat se dêr útfine kinne.

Wannear't Bond dy middeis ûnderweis is nei juffer Taro, wurdt er neisitten troch ûnbekenden dy't him opwachtsje, mar de efterfolging einiget as de oare auto yn in ravyn stoart, wêrby't alle ynsittenden omkomme. As Bond by juffer Taro oan 'e doar komt, is dy dúdlik ferheard om him te sjen. Se nûget him deryn en kriget dan in tillefoantsje wêryn't har frege wurdt Bond in tal oeren dwaande te hâlden. Dat se nimt him mei op bêd om seks te hawwen. Neitiid stiet Bond derop om har mei út te iten te nimmen. Hy beart lykwols dat syn eigen auto net goed starte wol, dat hy skillet in taksy. Dat blykt in plysje-auto te wêzen, dêr't juffer Taro yn ôffierd wurdt. Sels bliuwt Bond yn har hûs efter en trappearret er ûnbeskate tiid letter professor Dent as dy de wente binnenslûpt en it minsklik stal op it bêd (eins in pear kjessens ûnder in lekken) besjit yn 'e ûnderstelling dat dat Bond is.

Nei't Bond de professor deade hat, bejout er him nei de haven ta, dêr't Quarrel en Leiter al op him wachtsje. Se farre in ein de see op, wêrnei't Leiter mei de motorboat weromkeart nei Jamaika, wylst Quarrel en Bond mei in lyts roeiboatsje fierder geane nei Crab Key. De oare moarns treffe se dêr op it strân de tsjeppe jonge frou Honey Ryder, in dûkster nei seeskulpen, dy't ek klandestyn op it eilân is. As der bewapene bewekkers efter harren oan geane, ûntkomme se trijeresom nei it mangrovemoeras. Nei't it wer nacht wurden is, dûkt de 'draak' op: in mei flammesmiters tariste tank, dy't beskildere is mei in grutte toskige bek en koplampen hat dy't trochgeane foar eagen. Quarrel komt om as er libben ferbaarnd wurdt troch de flammesmiters. Dêrnei jouwe Bond en Honey harren oer.

Se wurde meinommen nei in geheime, ûndergrûnske basis, dêr't se dekontaminearre wurde om't se yn it moeras besmet rekke binne mei radio-aktive strieling. Dêrnei wurde se nei in lúkse finzenis ta brocht, dêr't se lykwols bewusteleas reitsje nei't se kofje dronken hawwe dy't oanlinge is mei in bedwelmjend middel. As se wer wekker wurden binne, wurde Bond en Honey by dr. No brocht. Dyselde blykt in heal Sineeske, heal Dútske en folslein kriminele wittenskipper te wêzen mei twa metalene protezes yn it plak fan syn hannen, dy't er kwytrekke is troch bleatstelling oan radio-aktiviteit. Hy fertelt Bond dat er oarspronklik in lid fan 'e Tong wie, in foarm fan 'e Sineeske maffia, oant er dêr $10 miljoen oan goud fan stiel en útnaaide. No wurket er foar de terroristyske organisaasje SPECTRE (Ingelsk foar "spûk", in backronym foar Special Executive for Counter-intelligence, Terrorism, Revenge and Extortion: "Spesjale Ienheid foar Kontraspionaazje, Terrorisme, Wraak en Ofparsing").

Dr. No is fan doel en fersteur de lansearring fan Project Mercury op Cape Canaveral troch it gebrûk fan in radioliedstriel. Soks moat de macht fan SPECTRE yn ien klap oan eltsenien dúdlik meitsje. Hy besiket Bond, dy't mei syn fêshâldendheid en fernimstigens yndruk op him makke hat, te rekrutearjen foar SPECTRE, mar Bond stegeret him ôf. Dêrop lit Dr. No Honey fuortfiere en Bond yninoar slaan oant er bewusteleas rekket. As er wer bykomt, befynt Bond him yn in sel dy't in stik minder lúks is as syn eardere ûnderkommen. Hy wit lykwols te ûntsnappen, oermasteret in trewant fan dr. No en docht it anty-strielingspak fan dy man oan, wêrmei't er net te ûnderskieden is fan 'e meiwurkers fan 'e geheime basis. Op dy wize ynfiltrearret er de kontrôlekeamer fan 'e basis.

Bond ûntdekt dêr dat de enerzjy, dy't nedich is foar de radiostriel dy't de lansearring fersteure moat, opwekke wurdt mei in nukleêre bassinreäktor. As de lansearring op it punt stiet te begjinnen, en dr. No risselwearret om syn radiostriel yn te setten, oerbelêstet Bond mei opsetsin it systeem. Dr. No besiket him tsjin te hâlden, mar by harren gefjocht falt er yn it reäktorbassin, dêr't er mei syn hânprotezes net mear útkomme kin. Hy stjert as de mjitte fan radio-aktiviteit tefolle wurdt foar syn anty-strielingspak. Wylst de trewanten fan dr. No alle kanten útspatte om fan Crab Key ôf te kommen ear't de reäktor ûntploft, siket en fynt Bond Honey Ryder, dy't dr. No fêstsette litten hat op in plak dêr't it wetter fan it reäktorbassin har úteinlik berikke soe. Bond befrijt har en se ûntsnappe fan it eilân yn in lyts motorboatsje, wylst efter harren de hiele boel de loft yn fljocht.

Nei't harren branje oprekke is, dobberje Bond en Honey op 'e iepen see om. Dêr wurde se weromfûn troch Felix Leiter, dy't oan board is fan in marineskip fan 'e Britske Keninklike Marine. Hy smyt harren in keabel ta om harren boatsje op sleeptou te nimmen, mar as Honey Ryder him hertstochtlik tutet, lit Bond de keabel wer losglydzje foar't er har oankrûpt.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Sean Connery (1964).
 
Ursula Andress (1950-er jierren).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Sean Connery
Honey Ryder Ursula Andress¹


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Quarrel John Kitzmiller
Dr. No Joseph Wiseman
professor R.J. Dent Anthony Dawson
juffer Taro Zena Marshall
CIA-agint Felix Leiter Jack Lord
earste sekretaris Pleydell-Smith Louis Blaazer
M, haad fan MI6 Bernard Lee
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Sylvia Trench Eunice Gayson²
majoar Boothroyd Peter Burton
Jones Reginald Carter
suster Lily Yvonne Shima
suster Rose Michel Mok
Annabel Chung Marguerite LeWars
John Strangways Timothy Moxon³

¹) De dialooch fan Ursula Andress waard omreden fan har aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Nikki van der Zyl; har sjongen waard neisyngronisearre mei it stimlûd fan Diana Coupland. Net ien fan beide stimaktrises krige in fermelding yn 'e begjintitels.
²) De dialooch fan Eunice Gayson waard yn 'e postproduksje fan 'e film ek neisyngronisearre mei it stimlûd fan Nikki van der Zyl.
²) De dialooch fan Timothy Moxon waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Robert Rietti. Dyselde waard net fermeld yn 'e begjintitels.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Dr. No is yn grutte halen in ferfilming fan 'e roman Dr. No fan Ian Fleming, út 1958. Hoewol't Dr. No de earste James Bond-film wie, wie it lyknammige boek net de earste James Bond-roman. Dat wie nammentlik Casino Royale, út 1953. Yn 'e film binne sadwaande guon eleminten út eardere boeken opnommen, en ek guon út lettere boeken. Sa yntrodusearre Fleming de kriminele organisaasje SPECTRE pas yn 'e roman Thunderball, út 1961.

Dr. No waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum, Johanna Harwood en Berkeley Mather. As produsinten wiene Harry Saltzman en Albert R. Broccoli by it projekt belutsen foar harren filmstudio Eon Productions. De film wie (neffens it Amerikaansk Filmynstitút) in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Saltzman hie de filmrjochten op hast alle James Bond-romans (útsein Casino Royale en Thunderball) fan Fleming kocht foar $50.000. Broccoli woe se fan him oerkeapje, mar dêr woe Saltzman neat fan witte. Dêrom besleaten se gear te wurkjen by de ferfilming fan 'e boeken.

Foar Dr. No wie in budget beskikber fan $1,1 miljoen. Hoewol't it dêrmei bepaald gjin lowbudgetfilm wie, hiene de measte grutte bioskoopfilms út it begjin fan 'e 1960-er jierren in budget dat twa oant trije kear sa heech wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Moore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Monty Norman, hoewol't de ferneamde James Bond-titelmuzyk komponearre waard troch Maurice Binder. De opnamen foar Dr. No fûnen plak yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire en op lokaasje op Jamaika. Se setten op 16 jannewaris 1962 útein op it Palisades Fleanfjild (no de Ynternasjonale Lofthaven Norman Manley) yn Kingston (Jamaika) en duorren 58 dagen, oant en mei 30 maart fan dat jier.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Dr. No waard fersoarge troch de Amerikaanske filmstudio United Artists. De film gie op 5 oktober 1962 yn 'e Britske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1963 by platemaatskippij United Artists Records.

Fan 'e filmkritisy krige Dr. No doedestiden mingde resinsjes. Yn it Amerikaanske tydskrift Time waard it personaazje James Bond omskreaun as in "eameljende suffert", dy't "it hast altyd oprêdt om der wat ûnnoazel út te sjen". Stanley Kauffmann fan The New Republic moast ek net folle fan 'e film hawwe, dy't neffens him nea út 'e rie komme koe oft er no in skriller of in parody op in skriller wêze woe. Ek fûn er Sean Connery miscast en hied er neat op mei de boeken fan Fleming. Neffens Leonard Mosely yn The Daily Express wie de film "wille fan begjin oant ein", dêr't er by wize fan oanpriizging oan taheakke "sels de seks is ûnskeadlik". Yn The Observer murk Penelope Gilliatt op dat Dr. No "fol [siet] mei fersonken selsspot", en The Guardian omskreau dat de film as "pittich en goed makke" en as "in kreaze en spannende skriller."

 
De basis fan Dr. No wie wie dizze bauksytterminal by Oracabessa, op Jamaika.

Neffens it Fatikaan wie Dr. No lykwols "in gefaarlike miks fan geweld, fulgariteit, sadisme en seks". It Kremlin stelde fêst dat James Bond de ferpersoanliking wie fan it kapitalistyske kwea. (Beide ôfkarrings joegen de film mear bekendheid en holpen om mear minsken nei de bioskoop te krijen.)

Yn 'e jierren sûnt Dr. No útkaam, is de reputaasje fan 'e film stikken opbettere. Yn 1986 skreau Danny Peary dat Dr. No alles hie dat men fan in James Bond-film winksje koe: "seks, geweld, humor, geweldige aksjesênes en in kleurrike setting". Hy skreau ek: "Der sit in traach stik yn 'e midden, en dr. No hie wol in fatsoenlike trewant bûke kind, mar fierders wurket de film treflik." Yn 1999 krige Dr. No op in ranglist fan 'e hûndert bêste Britske films, gearstald troch it Britsk Filmynstitút (BFI), it 41e plak taparte.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Dr. No in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 58 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei mear as genôch fan 'e humor, aksje en eskapistyske spanning dêr't de searje letter om bekend komme soe te stean, byt [de film] yn styl it spits derôf." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Dr. No in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 8 resinsjes.

Dr. No brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $53,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $59,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $1,1 miljoen betsjut dat in winst fan $58,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

It geweldige kommersjele súkses fan Dr. No joech oanlieding ta de ferfilming fan ferskate oare romans fan Ian Fleming. Dêrút ûntstie de filmsearje James Bond, dy't anno 2021 noch altyd trochgiet en dêrmei de langst rinnende filmsearje aller tiden wurden is. It earstfolgjende diel fan út 'e rige wie From Russia with Love, dat yn 1963 útkaam.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)