Dodingastate of Doniastate wie in stins en letter in state yn Ingwierrum. Hy lei binnen de ringwei fan de terp bewesten de tsjerke. Dat is in hiel âlde sitewaasje dy't meast by wichtige states foarkomt (fergelykje Jaarsmastate yn Mitselwier). Op grûn fan de lizzing, giet it faaks om in âlde haadlingeposysje. De ringwei rint noch altyd mei in bocht om it terrein hinne.

Ingwierrum mei Dodingastate, Schotanusatlas

It hûs wurdt as Bennert Doenya huis toe Engwierum yn 1473 neamd; yndirekt miskien yn de namme fan de bewenner yn 1422 as Dodinga.
By it grutte ferbûn tusken Skieringers en Fetkeapers yn 1422 hearde in Botte Dodinga ta de Fetkeapers. (*1) Yn 1473 belegeren de rjochters fan Eastergoa it hûs fan Bennert Doenya omdat Bennert "rebels" foar it rjocht, de lângemeente en de rjochters oer wie. Bennert syn bûnsgenoat wie Broer Meckema. Bennert waard finzennaam en it hûs ferwoastge, in barren dat wiidweidich troch Worp fan Thabor beskreaun wurdt. Bennert waard tusken Ter Lune en Dokkum troch syn bewekkers deaslein, doe't er oan syn fonnis yn Dokkum besocht te ûntkommen troch him hieltyd wer fan syn hynder falle te litten.
Yn 1491 ûndertekenje Bennert Eysinga fan Ingwierrum en Botta Eeskz Donya it ferbûn fan de gemeente mei de stêd Grins (Pax Groningana 79). Yn 1511 wie Botte Doynie eigner en brûker fan 42 pûnsmiet en barde er rinte út twa huissteden (pleatsen). Syn widdo Ymck komt yn 1543 foar. Yn 1560 wie der in ferkeap fan parten fan Donye-huisinge en fan lân troch de erfgenamten fan Ymck (Berns 21, m, 2,843 en 857). Yn 1611 is it spul yn hannen fan J. Jansz Donia, dy't him nei de state neamd en der in pleats besit. De pleats is yn 1832 belizzingseigendom fan oaljeslagger D. Zeper yn Ljouwert.

De pleats dy't dêr Anno 2011 noch stiet is in kop-hals-romppleats sa't ek op de kadasterminút fan 1832 oanjûn wurdt. It wenhûs is fan 1883, mar soe op âlde fûneminten set wêze kinne; de skuorre is fan 1863 neffens de muorre-ankers.

  • 1422 Bocke Dodynga
  • 1473 Bennert Doenya
  • 1491 Botta Eeskz Donya

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • De website hisgis