1848
jier
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Jierren: | 1843 | 1844 | 1845 | 1846 | 1847 | 1848 | 1849 | 1850 | 1851 | 1852 | 1853 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1848 MDCCCXLVIII |
Ab urbe condita | 2601 |
Armeenske kalinder | 1297 ԹՎ ՌՄՂԷ |
Etiopyske kalinder | 1840 – 1841 |
Hebriuwske kalinder | 5608 – 5609 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1903 – 1904 |
- Shaka Samvat | 1770 – 1771 |
- Kali Yuga | 4949 – 4950 |
Iraanske kalinder | 1226 – 1227 |
Islamityske kalinder | 1264 – 1264 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 12 dgn. |
Sineeske kalinder | 4544 – 4545 甲未 – 乙申 |
1848 is in skrikkeljier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1848.)
- De Wikipedy hat ek in side Revolúsjejier 1848.
Foarfallen
bewurkje seksje- sûnder datum - Yn ferskate Jeropeeske lannen binne revolúsjes en opstannen foar selsbestjoer en/of demokrasy.
- 25 jannewaris - It Kommunistysk Manifest ferskynt, skreaun troch Karl Marx en Friedrich Engels.
- 2 febrewaris - It Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo makket in ein oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Under de ôfspraken fan dit ferdrach leit Meksiko him del by de Amerikaanske anneksaasje fan Teksas en moat it it Amerikaanske Súdwesten en Opper-Kalifornje ôfstean oan 'e Feriene Steaten.
- 15 maart - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, brekt de Hongaarske Revolúsje út, dy't de oanset is ta de Hongaarske Opstân fan 1848.
- 25 maart - Yn Nederlân wurdt it earste kabinet ynstallearre, it Kabinet-Schimmelpenninck.
- 29 maaie - Wiskonsin wurdt as 30e steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 28 septimber - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, barst de Hongaarske Opstân fan 1848 los.
- 3 novimber, - Mei de nije grûnwet, opsteld troch de liberaal Thorbecke, wurdt Nederlân in konstitúsjonele monargy. Fan gefolgen wurdt de macht fan 'e kening beheind.
- 2 desimber - Frâns Joazef wurdt keizer fan Eastenryk.
- 11 desimber - Louis-Napoléon Bonaparte wurdt presidint fan Frankryk.
Berne
bewurkje seksje- 28 jannewaris - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer († 1912)
- 13 febrewaris - Henry R. Porter, Amerikaansk legerdokter († 1903)
- 19 maart - Wyatt Earp, Amerikaansk plysjeman, revolverman en ikoan fan it Wylde Westen († 1929)
- 23 maart - Marten Hepkes Bakker, Frysk kastlein, bakker en dichter († 1927)
- 23 maaie - Otto Lilienthal, Dútsk loftfeartpionier († 1896)
- 31 maaie - Lourens Zandstra, Frysk fakbûnslieder en politikus († 1923)
- 7 juny - Paul Gauguin, Frânsk keunstskilder († 1903)
- 30 juny - Benjamin Hodgson, Amerikaansk militêr († 1876)
- 24 septimber - Oebele Stellingwerf, Frysk sjoernalist en politikus († 1897)
- 24 septimber - Pieter Lodewijk Tak, Nederlânsk politikus en sjoernalist († 1907)
- 31 oktober - Boston Custer, Amerikaansk boarger-foerazjeur yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger († 1876)
- 13 novimber - prins Albert I fan Monako († 1922)
- datum ûnbekend
- Mannich Kûp (Plenty Coups), opperhaad fan 'e Krieën († 1932)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 20 jannewaris - kening Kristiaan VIII fan Denemark (* 1786)
- 26 maart - Steen Steensen Blicher, Deensk skriuwer, dichter en predikant (* 1782)
- 12 augustus - George Stephenson, Ingelsk útfiner (* 1781)
- 13 augustus - Pyter Jentsjes Rollema, Frysk arsjitekt (* 1786)
- 19 desimber - Emily Brontë, Ingelsk skriuwster (* 1818)
Literatuer
bewurkje seksje- koarte ferhalen
- Hans Christian Andersen, Den Lykkelige Familie (oerset yn it Frysk as De Lokkige Famylje)
Jierren: | 1843 | 1844 | 1845 | 1846 | 1847 | 1848 | 1849 | 1850 | 1851 | 1852 | 1853 |
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|